Boargemaster Van der Zwan: twing gemeenten om plak foar flechtlingen te finen

Yn in krisissituaasje lykas dy fan no, mei de húsfêsting fan flechtlingen, moatte gemeenten miskien mear twongen wurde om romte beskikber te stellen. Dat opperet boargemaster Van der Zwan fan Hearrenfean.
Tjeerd van der Zwan © ANP
Syn gemeente fangt dizze wike hûndert flechtlingen op dy't earst yn Ter Apel sieten. Dêr binne al moannen problemen. Sa slepten dêr minsken bûten de needopfang, omdat der binnen gjin plak mear wie.
"Dat is verschrikkelijk", seit Van der Zwan. "Mensonterend. Beschamend voor een land als Nederland."
Doe't se yn Hearrenfean dy bylden seagen, fûnen se dat der wat gebeure moast. "In overleg met de Veiligheidsregio Fryslân hebben we aangegeven dat we hier honderd bedden leeg hebben staan. Als er een paar kilometer verderop mensonterende taferelen plaatsvinden, laat ons dan een crisisopvang aanbieden."
It is net foar it earst dat de gemeente Hearrenfean dat docht. De hal dêr't dy hûndert bêden steane, waard begjin maart ynrjochte foar Oekraynske flechtlingen. Trije wiken letter kamen der ek net-Oekraynske flechtlingen nei de hal ta, doe ek al fanwegen problemen yn Ter Apel.
Voor deze mensen betekent het het verschil tussen buiten slapen in een tentje of opgevangen worden in deze sporthal.
Tjeerd van der Zwan
Foar it totale probleem, is dizze tydlike oplossing in drip op in gloeiende plaat. "Maar voor deze mensen betekent het wel het verschil tussen buiten slapen in een slaapzak in een tentje, of opgevangen worden in deze sporthal. Dan hebben ze een beter bed en worden ze beter verzorgd."
Dochs is it lang net ideaal, jout Van der Zwan ta. "Het is slechts een week, het is een crisisnoodopvang." Hy pleitet dêrom, net foar it earst, foar langetermynoplossingen.
Tinten by de needopfang yn Ter Apel © ANP
Dat leit 'm wat de boargemaster oanbelanget diels yn de opfang fan minsken út lannen dy't troch Nederlân as feilich beskôge wurde. "Mensen uit die landen hebben hier helemaal geen perspectief op een langer verblijf. Een heleboel landen nemen die mensen ook niet meer terug. Daar moet een diplomatieke oplossing voor komen."

Mear plakken beskikber meitsje

Dêrnjonken ha gemeenten de opdracht om in tal plakken beskikber te meitsjen. "Heerenveen zit precies op het juiste aantal, maar er zijn ook gemeenten waar dat niet het geval is. Dan moet je kijken waardoor dat komt en of anderen dat over kunnen nemen."
It soe better koördinearre wurde moatte, as it oan Van der Zwan leit. Desintralisaasje is prima, mar wurket by in krisis net altyd goed. "Op zich is dat systeem goed, maar als er iets stante pede geregeld moet worden, dan is wellicht meer dwingende regelgeving een oplossing."
Gemeenten kinne yn guon gefallen sels ek mear dwaan, fynt Van der Zwan. Bygelyks mei tydlike wenningen, sa't yn syn gemeente it gefal is.

Tydlike hûzen

De gemeente Hearrenfean is op it stuit yn petear mei boubedriuw Van Wijnen om tydlike hûzen te bouwen. "Deels voor statushouders. Dat zou een deel van de oplossing kunnen zijn. Daar zouden we in alle gemeenten werk van moeten maken."
Want neffens Van der Zwan dogge in protte gemeenten goed harren bêst om plak te finen, mar dat slagget hiel faak net. "De woningmarkt is zoals-ie is. Dat is niet in een keer opgelost."
Hoefolle plakken oft Van Wijnen bouwe sil op It Hearrenfean, dat wit Van der Zwan noch net. "Het hangt van de plek af die we vinden. We hopen dat er een substantieel aantal gebouwd kan worden, tientallen. Er zijn drie of vier plekken in beeld."