Op syk nei inoars talinten yn Nijsgjirrich

© Omrop Fryslân
Talint is oeral. Mar net oeral is talint like sichtber en wurdt it like maklik trochjûn. Nei in soad net ôfmakke hobbyprojekten en net útpakte dreamen sykje programmakkers Eva Meijering en Michaël Bloos ynspiraasje by de meiminske. Want elkenien kin wol wat, wat sy sels noch net kinne. Foar de nije searje Nijsgjirrich stappe se dêrom oer de drompel, op syk nei talint dat sy sels net hawwe. Nijsgjirrich is op moandeis te sjen om 17.15 oere by Omrop Fryslân.
Yn totaal seis portretten sjogge we hoe't de haadpersoanen de presintatoaren alles leare oer harren talint. "Elkenien kin wol wat, watst sels noch net kinst. Troch nijsgjirrich te wêzen nei nije talinten ûntstiet ynspiraasje en ferbining", sa fertelle de programmamakkers.

Fan hûnentrimme oant plaatsjes draaie

Eva en Michaël leare ûnder oare mear oer it talint fan Tineke. Tineke is hûnetrimmer en hat in eigen salon. Oaren talinten dy't oan bod komme binne bokse, Filipijns itensiede, plaatsjes draaie, keunst skilderje en it plannen fan events.
Underlizzende tematyk fan dizze searje is iensumheid. Sa komme tema's as earmoed, âlderein, bûtenlânske studinten en letterswakkens oan bod. Troch ien syn talint as ynstek te brûken, wurdt ûnderlizzende tematyk besprutsen.
Nijsgjirrich is fan moandei 9 maaie ôf yn seis ôfleveringen te sjen by Omrop Fryslân. De útstjoering begjint om 17.15 oere en wurdt alle healoeren werhelle.