De Fytsalvestêdetocht live by Omrop Fryslân en RTV NOF

© Henk Bootsma
Pinkstermoandei is de dei fan de Fytsalvestêdetocht. Omrop Fryslân folget de fytsers yn harren 235 kilometer lange tocht fan Boalsert oant Boalsert. De hiele dei dogge Omrop Fryslân en RTV NOF ferslach op radio, telefyzje en online.
Moarns earst út Dokkum wei wannear't de dielnimmers noch 'farsk' binne. Middeis wurdt sjoen by de stimpelpost yn Aldemarrum. Dêr wurdt praat mei de fytsers en reaksjes frege fan it publyk. Fierder is der in ridende ferslachjouwer op 'en paad om yn de ferskate stêden it evenemint te ferslaan.
Op telefyzje en online binne de hiele dei live bylden te sjen fan de fytsers. Ek fytsende ferslachjouwer Simone Scheffer is wer fan de partij. Har tocht is te folgjen op telefyzje en de webside fia de webcam dy't befêstige is op har fyts.

In eigen hurdfytsteam

Mar dat is net it iennige ferslach dat út de tocht wei dien wurdt. Omrop Fryslân hat nammentlik in eigen hurdfytsploech dy't meidocht! Op de oprop dy't Omrop Fryslân yn april die waard manmachtich reagearre. Uteinlik is it team fan oanfierder Marike Jansen keazen om op Pinkstermoandei ferslach te dwaan foar Omrop Fryslân.
Fia social media en de radio hâlde sy elkenien op 'e hichte fan harren tocht. Yn de tocht binne sy te herkennen oan in spesjaal Omrop Fryslân hurdfytsshirt.
De Fytsalvestêdetocht wurdt útstjoerd yn gearwurking mei RTV NOF op Pinkstermoandei, 6 juny. Fan 8.00 oere ôf is de tocht te folgjen by RTV NOF en Omrop Fryslân fia radio, telefyzje en online.