HEA! 20 jier: De sloperij fan Bondo

Yn de autosloperij fan Manuel Bondo yn Ljouwert is ek plak foar minsken dy't wer werom yn de maatskippij komme. Sa kinne eks-detinearden dêr wurkûnderfining opdwaan.
Manuel Bondo hat al jierren in autosloperij yn Ljouwert:
Bondo is út syn bertelân Angola, fia Ruslân, yn Nederlân terjochte kaam. Dêrby hat hy in soad help krigen om hjir wat fan de grûn te krijen. Dêrom wol hy no ek oare minsken helpe om wer de fuotten ûnder it gat te krijen. Want elkenien hat wolris help nedich fynt Bondo, en allinne mei-inoar kinne we it oprêde.