Ljouwert wol strjityntimidaasje better yn byld krije: "Onveilig gevoel is geen pretje"

Minsken moatte oanjefte dwaan fan strjityntimidaasje. Dat is de iennige wize om it probleem yn Ljouwert goed yn byld te krijen.
Strjityntimidaasje © ANP
De gemeenteried fan Ljouwert prate woansdeitejûn oer it probleem. Hieltyd mear jongeren ha der lêst fan. Dat die bliken by de gearkomste fan de Ljouwerter gemeenteried. Tal fan jongeren wienen dêr om de riedsleden by te praten oer wat sy sels meimakke ha. Ek waarden de konklúzjes fan eigen ûndersyk fan de jongeren besprutsen.

"Ik kan niet alleen over straat"

Sa makke Nente Francke har profylwurkstik oer yntimidaasje fan froulju tusken de 15 en 35. Fierder hawwe Naomi Kroese en Perrin Bottema mei help fan de organisaasje Tienskip in enkête útset. Yn beide gefallen wie de konklúzje dúdlik: strjityntimidaasje is in grut probleem.
De oplossing ha se net fuortendaliks, mar neffens Kroese soe it opsetten fan in meldpunt in goed begjin wêze. "Er is nu geen zicht op hoe vaak het voorkomt en waar. Met een meldpunt krijg je dat wel en dan kun je gericht acties ondernemen."
Kroese hat sels geregeld te krijen mei yntimidaasje. It beynfloedet har libben bot: "Ik kan niet alleen over straat. Ik ben altijd afhankelijk van andere mensen. Het beperkt mij wel. Dat onveilige gevoel is ook geen pretje."

In app nei Rotterdams foarbyld

De VVD, ChristenUnie en it CDA ha it ûnderwerp no op de aginda fan de ried set. Sy wolle sa gau as mooglik aksje. Carlijn Niesink (CU): "In Rotterdam is al een app. Daarin kun je direct aangeven wat er gebeurde: riep iemand je na of gebeurde er wat anders? Als dat in andere steden kan, kan dat wat ons betreft hier ook. Dat is echt wel een van de grote oplossingen waar we naar willen gaan kijken."
Het begrip is nu te breed. We zouden naar mijn idee een schifting moeten maken.
Jolanda van der Berg fan de plysje Ljouwert oer strjityntimidaasje
Earst moat wol dúdlik makke wurde wat krekt ferstien wurdt ûnder strjityntimidaasje, sa seit Jolanda van der Berg fan de plysje Ljouwert.
Se skrok fan de brieven oan de gemeenteried fan minsken dy't sizze yntimidearre te wêzen. "Ik had voor mijzelf een bepaald beeld van intimidatie. Maar nu denk ik: dit had direct gemeld moeten worden. Daar is sprake van schennis. Dat vind ik wel ernstig. Dat zijn gewoon strafbare feiten."

In breed begryp

No wurdt der allinnich kwealik oanjefte dien. Hoe grut it probleem krekt is, is by de plysje dan ek net dúdlik. "Het begrip is nu te breed", seit Van der Berg. "We zouden naar mijn idee een schifting moeten maken."
In app of in meldpunt kin goed helpe, tinkt Van der Berg. Se trunet dêr ek op oan by de riedsleden: "Dan kunnen wij een goed beeld krijgen van de hotspots en daar kunnen wij dan de zaken goed oppakken."
Naomi Kroese en Perrin Bottema toanden harren nei ôfrin fan de riedsgearkomste tefreden. It stiet no op de aginda en der is each foar de problemen dy't de jongeren op strjitte tsjinkomme. Se hoopje dan ek dat it meldpunt of de app der gau komt.