Wettersteuring yn Frjentsjer en omkriten earder ferholpen as ferwachte

In grut gebiet fan de gemeente Waadhoeke hat tongersdeitemoarn in skoft in wettersteuring hân. Dy wie flak foar 12.00 oere ferholpen.
© ANP
It probleem wie ûntstien troch in stikkene lieding. Ynwenners fan ûnder oare Frjentsjer, Harns, Minnertsgea en Seisbierrum ûnderfûnen sûnt in oere as 9.00 problemen.
In monteur hat de problemen oplost. De ferwachting wie dat dat om 15.00 oere klear wêze soe, mar Vitens meldt dat de problemen no al foarby binne.