Deputearre Fokkinga by harksit stikstof: net fan doel boeren út te keapjen

Deputearre Steaten fan Fryslân hawwe de relaasje mei de Fryske boeren skea dien troch de yndruk te wekken dat it opkeapjen fan boerebedriuwen de iennichste oplossing is foar de oanpak fan it stikstofprobleem.
De harksit oer stikstof yn it provinsjehûs © Omrop Fryslân
Dat wie woansdei it boadskip fan de gearwurkjende boere-organisaasjes op in harksit yn it provinsjehûs oer it útfieringsprogramma stikstof.
Deputearre Klaas Fokkinga sei op dy gearkomste dat hy hielendal net fan doel is om boeren út te keapjen, ek al stie dy opsje wol yn in bylage by syn eigen útfieringsnotysje stikstof. Miskommunikaasje en rebûlje wie it gefolch, benammen yn de gemeente Eaststellingwerf.
"Je krije wolris it gefoel dat boeren plak meitsje moatte foar oare funksjes", sei Jan-Teade Kooistra fan LTO Noord. Hy frege Provinsjale Steaten om "perspektyf yn plak fan ûnsekerheid" en om romte foar in Fryske oanpak fan it stikstofprobleem. "Dat kin bêst, want sa hiel grut is it probleem hjir net."

CDA: kommunikaasje moast folle better

Steatelid Anne Schelhaas fan it CDA konkludearre dat de kommunikaasje tusken de boeren en de provinsje "folle better" moatten hie. Om in ein te meitsjen oan alle ûndúdlikheid frege PvdA-fraksjefoarsitter Hetty Jansen oan Fokkinga om gau in "memory fan taljochting" te skriuwen op syn eigen útfieringsnotysje stikstof.
"Ik bin hiel benijd wat dêryn komt te stean", sei Schelhaas nei de gearkomste. "It sil fan de ynhâld fan dy notysje ôfhingje oft it CDA de stikstofoanpak fan it kolleezje wol of net stypje kin."

Reinwetter mear wolkom

De Steaten prate nije wike op 'e nij yn kommisjeferbân oer de útfieringsnotysje stikstof. De oanwêzige boeren wiene nei de gearkomste entûsjaster oer de rein dy't nei wiken fan drûchte foel as oer de wurden yn de kommisjeseal, want lang net alle fragen dy't se hiene waarden beäntwurde.
CDA-Steatelid Anne Schelhaas is hiel benijd nei Fokkinga syn memory fan taljochting
Jan-Teade Kooistra fan LTO Noord oer de winsken fan it lânboukollektyf