Froukje belibbet bysûndere wiken mei S10 yn Turijn: "Een rollercoaster"

Al goed oardel wike binne sjongeres S10 en har Fryske manager Froukje Bouma yn Turijn foar it Eurovisie Songfestival. Net allinnich foar de sjongeres, mar ek foar de manager it hichtepunt yn har karriêre.
S10 en har team, mei rjochts Froukje Bouma, fiere dat se de finale helle ha © ANP
It wie woansdei noch even hiel spannend. S10 soe neffens de kenners wol trochgean nei de finale, mar har namme waard pas as alderlêste fan alle finalisten neamd.
"We wisten dat we er goed voor stonden", seit Bouma. "Maar toen er nog maar één naam zou komen, wisten we dat het ook zomaar voorbij kon zijn. Uiteindelijk sprongen we een gat in de lucht."

Heftich

Se is noch hielendal euforysk. Dat is te ferklearjen troch de wrâld wêryn't se sitte. "Het is ongelooflijk, een rollercoaster om hier te zijn en alles mee te maken. Het is zo heftig."
Bouma is op 29 april mei S10 nei Italië ta reizge. "We zijn hier nu dus ruim anderhalve week met een groep van tien à vijftien mensen."
En se ha it smoardrok. "Vorige week hebben we twee keer gerepeteerd. De eerste keer mochten we een halfuur, de tweede keer twintig minuten. En de klok begint gewoon te lopen als je begint."

Acht kear spylje

Op de telefyzje is S10 twa kear te sjen, mar yn Turijn stiet se folle faker op it poadium foar offisjele optredens. "Maandag hebben we twee keer de show gedaan, dinsdag ook weer twee keer. Woensdag was een persdag, donderdag even een vrije dag."
En dan is it talibjen nei de finale. "Vrijdag doen we al twee keer de finaleshow, zaterdag ook nog twee keer. Die laatst is wat er op tv te zien is."
Het is zoveel om te dragen voor een mens, zeker als je nog maar 21 jaar bent.
Froukje Bouma oer S10
As manager binne it foar Bouma moaie tiden. Se besiket om der hielendal foar S10 te wêzen en by har yn de buert te bliuwen. "Het is zoveel om te dragen voor een mens, zeker als je nog maar 21 jaar bent."
Bouma is sa gelokkich dat se dit allegear mei S10 belibje mei. "Ik doe m'n best om goed voor haar te zorgen, maar ze doet het super. Ik ben zo trots op haar, ze is heel dapper."

Top 5?

Foar de finale is Oekraïne de grutte favoryt. Bouma fynt it dreech om te foarsizzen hoe't de finale útpakke sil. "We hebben gezegd: het liefst willen we winnen, maar als we in de top vijf komen, dan zijn we ook dolgelukkig."
Wat Bouma moai fynt, is dat S10 gjin konsesjes dien hat. It ferske 'De Diepte' stiet hiel ticht by harsels. "Ze mag heel trots zijn."