Flechtlingen Ter Apel opfongen op It Hearrenfean

Yn de Hoekstrahal op It Hearrenfean wurde de kommende tiid wer flechtlingen út Ter Apel opfongen. De earste flechtlingen komme fannacht al oan.
Opfangplakken op It Hearrenfean © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De ôfrûne dagen kaam Ter Apel in soad yn it nijs. Der is in protte mis mei de opfang fan de flechtlingen dêr. Sa moasten der ferskate minsken bûten op de grûn sliepe om't der gjin plak mear is. It Reade Krús sette dêrom tinten foar de opfanglokaasje. Der soe te min romte wêze foar sa'n 200 flechtelingen.
Op It Hearrenfean is romte foar de opfang fan 100 flechtlingen. De opfang giet yn oerlis mei Veiligheidsregio Fryslân en de gemeente Hearrenfean. "We kinne flechtlingen dochs net op strjitte stean litte? Elkenien fertsjinnet in dak boppe de holle."
Om wat foar minsken it krekt giet, is net bekend. Wannear't alle flechtlingen komme, is ek noch net dúdlik, mar de earsten wurde fannacht al ferwachte. Se kinne yn de Hoekstrahal telâne foar sân dagen, mei in opsje op ferlinging fan twa kear 24 oere.