Hearrenfean figurant by kampioensfeest Ajax

Sportklup Hearrenfean is der net yn slagge it kampioensfeest fan Ajax te fersteuren. Yn Amsterdam waard it 5-0 foar de ploech dy't him no lânskampioen neame mei.
Sydney van Hooijdonk yn duel mei Daley Blind © Orange Pictures
Hearrenfean spile mei deselde alve as ôfrûne snein tsjin Vitesse. Doe wûn Hearrenfean mei 1-2.
Opstelling sc Hearrenfean: Mulder; Van Ewijk, Dresevic, Van Beek, Woudenberg, Kaib; Tahiri, Haye, Halilovic; Van Hooijdonk en Sarr
Yn de begjinfaze barde der net in soad yn Amsterdam. Pas nei 19 minuten krige Ajax foar it earst in kâns, mar dy wie dan ek fuort raak. Nicolás Tagliafico waard frijspile oan de linkerkant fan it fjild en skeat de bal yn de goal: 1-0. Earder yn de oanfal like de bal folslein oer de efterline, mar de arbitraazje hat dat net sjoen en de VAR koe ek gjin útslútsel jaan.

Berghuis mei de 2-0

Nei de goal wie it ienrjochtingsferkear. Ajax krige mear kânsen en wie sawat konstant yn balbesit. Noussair Mazraoui wie it tichtst by de 2-0, mar syn ynset waard keard troch doelman Erwin Mulder.
Yn de 34ste minút foel de 2-0 dochs. Ajax kombinearre him prachtich troch de Hearrenfeanferdigening. De bal kaam lang om let foar de fuotten fan Steven Berghuis dy't de bal der allinnich noch mar yn hoegde te tikjen.
Steven Berghuis mei de 2-0. Thom Haye (eftergrûn) baalt © Orange Pictures
Efkes letter wie it duel hielendal spile. De ploech út Amsterdam krige in strafskop nei in oertrêding fan Ibrahim Dresevic op Berghuis. Sébastien Haller skeat de bal fan alve meter fia de hannen fan Mulder binnen: 3-0.
Nei it skoft itselde spulbyld: Ajax krige kâns op kâns. Yn de 49ste miníut hie it al raak wêze moatten, mar Berghuis skeat in foarset foar iepen doel oer. In kertier foar de ein fan de wedstriid rekke Mohammed Kudus de latte.

Hearrenfean jout achtste plak út hannen

Yn de 85ste minút waard it 4-0. Nei in lange bal fan Devyne Rensch skeat Mohamed Daramy de bal tsjin Mulder oan. Yn de rebound tikke Brian Brobbey de bal yn it lege doel. Edson Álvarez bepaalde efkes letter de einstân op 5-0 troch de bal nei in frije traap fan tichteby binnen te sjitten.
Dat wie min nijs foar Hearrenfean yn de striid om it achtste plak. Alle konkurrinten wûnen woansdei net. NEC ferlear lykwols mar mei 3-2 fan PSV. Dêrtroch giet de ploech út Nijmegen oer Hearrenfean hinne op de ranglist.