Provinsje wol 80.000 euro frijmeitsje foar stipe oan keunstners
Fryske byldzjende keunstners krije mear stipe. Advysorganisaasje Keunstwurk hat dêrfoar in plan makke mei ferskate partners út de kulturele sektor.

De provinsje wol de kommende twa jier 80.000 euro yn it jier frijmeitsje foar it plan om in goed netwurk foar byldzjende keunstners en foarmjouwers op te setten. Dat bedrach komt út it coronaherstelpakket.
Neffens it plan moat der ien loket komme dêr't keunstners terjochte kinne mei fragen en foar advys. Ek moat it beskikbere bedrach brûkt wurde foar it organisearjen fan ferskate sympoasia.
Provinsjale Steaten sil yn juny in beslút nimme oer it plan.