Boeren sette alles op alles om de drûchte yn 'e stringen te hâlden

Boeren kinne de kommende wiken fanwege de drûchte wolris foar problemen komme te stean. Benammen de boeren yn de lânbou dogge der alles oan om de situaasje yn betwang te hâlden.
De gewaaksen binne ta oan reinwetter:
"It is net iens sasear op it stuit, mar wol mear fan dat der de kommende twa wiken gjin reinbui fan betsjutting foarsein wurdt", seit foarsitter Menno van der Veen fan LTO Noardeast-Fryslân.
By Proefboerderij Kollumerwaard tusken Muntsjesyl en Zoutkamp binne se ek skerp op de waarsfoarsizzingen. Bedriuwslieder Philip Kramer en syn team tinke deroer om om it wykein hinne te bereinen. "Wij hebben uien staan en die moeten eigenlijk beregend worden, want er vallen planten weg."
© RTV NOF, Ben de Jager
Bereinen is net foar elke boer in opsje, mei troch regeljouwing, mar ek troch de flinke kosten dy't it mei him meibringt. "Een liter diesel kost op dit moment zo'n 2 euro. Als je iedere dag voor honderden liters moet tanken, dan wordt dat al gauw een enorm kostenplaatje", seit Kramer.
Van der Veen leit út dat it ôfhinklik fan de grûnsoart is hoe gau oft wat (te) drûch wurdt. Lichte grûn drûget rapper op as swiere grûn. "Ast bygelyks nei myn mais sjochst, dat sied is wol wat yn focht ynbêde, dus dat komt wol goed. Mar op it bitelân begjinne de biten al te kymjen of hawwe al kym. As dan de ûndergrûn opdrûget, kimet it sied net. Of it giet dea, omdat der dan te min focht is. It is benammen: wat no ynsiedde is, dat hat echt focht nedich."
Ek yn de natuer begjint it te knipen:
Uteinlik bliuwt Kramer realistysk, mar posityf. "Wij werken met natuur en de natuur gaat zijn gang. Oudere boeren zeggen allemaal tegen mij: Philip, jongen, wind je niet zo op. Droogte valt altijd mee. Water afvoeren hebben we hier veel meer problemen mee, dan water toevoeren."
Menno van der Veen en Philip Kramer