Bedriuwspân sluten fanwegen himpteelt: tsiende fan 2022

Boargemaster Sybrand Buma fan Ljouwert hat in bedriuwspân yn Ljouwert slute litten fanwegen himpteelt. It is de tsiende kear dit jier dat in pân yn de gemeente ticht moast.
© Omrop Fryslân
Yn it bedriuwspân oan de Pasteurwei yn de haadstêd waard op 17 maart in kwekerij oantroffen mei 158 himpplanten.
Dêrnjonken waard ek noch in soad apparatuer oantroffen dy't oan profesjonele himpteelt ferbûn is. It giet om koalstoffilters, assimilaasjelampen, fentilatoaren en groeimiddels. Yn it gebou waard ek yllegaal stroom ôftape. It pân bliuwt trije moanne ticht.