Fryske boeren krigen ôfrûne jier 11 miljoen euro oan fergoeding foar faunaskea

Fryske boeren hawwe ferline jier 11 miljoen euro oan skeafergoeding krigen foar faunaskea. Der wie foar 15 miljoen euro oanfrege.
© Henk Bootsma
It grutste part fan de skea wurdt feroarsake troch guozzen, benammen troch pauguozzen. Mei-inoar ha alle provinsjes 5 miljoen euro mear krigen as yn 2020. Dizze stiging komt benammen trochdat de priis fan gers it ôfrûne jier omheech gien is.
Njonken Fryslân binne Gelderlân en Noard-Hollân de provinsjes dêr't de measte faunaskea melden waard.

BIJ12

Yn totaal is yn Nederlân 37 miljoen skeafergoeding útkeard oan boeren. De ynformaasje komt fan BIJ12, it buro dat de skeafergoedings foar de provinsjes regelet.