HEA! Juultje Molenaar slacht gjin Formule 1-race oer

Fan jongs ôf oan siet Juultje Molenaar al foar de Formule 1, want se is in superfan. Se sjocht alle wedstriden en hat ek al faak nei it sirkwy ta west.
Juultje Molenaar hat sels in 'wall of fame' fan autokoereurs:
Yn it hûs fan Juultje binne in soad F1-memorabilia te finen: boeken, modelauto's, hantekens fan de koereurs en sels grintstientsjes fan it sirkwy fan Maleizië. Ek Juultje har man is Formule 1-gek. Oars hie it neffens har ek nea wat wurde kinnen. De houliksreis gie fansels nei in racewedstriid: de Grand Prix fan Australië.