A32 tusken Akkrum en It Hearrenfean ticht yn súdlike rjochting om min asfalt

De A32 tusken Akkrum en It Hearrenfean is ticht yn súdlike rjochting fanwegen it minne asfalt. Yn ferbân mei de feiligens moat der nij asfalt komme.
De dyk is ticht fanwegen it minne asfalt:
Troch de wurksumheden oan de dyk fan de ôfrûne dagen koe it ferkear mar oer ien rydstripe ride. Dêrtroch wie de belesting sa grut, mei ûnder oaren opspattende stientsjes, dat Rykswettersteat fan 'e middei besletten hat de hiele dyk tusken Akkrum en It Hearrenfean ôf te sluten. It ferkear rjochting Ljouwert kin wol oer de A32.
Der wurdt wurke oan in oplossing. Der is nij asfalt ûnderweis. De ferwachting is dat de dyk net earder as yn de rin fan de nacht fan woansdei op tongersdei wer frijjûn wurde kin, om in oere as 3.
It ferkear wurdt no by Akkrum fan de dyk helle. Ek wurdt mei tekstkarren it ferkear nei alternative rûtes laat.
Ferkear út Ljouwert wurdt oer de N31 en A7 fia Drachten omlaat.
"Afgelopen maandag zijn we begonnen met het groot onderhoud op de A32", seit omjouwingsmanager David Kuipers fan Rykswettersteat. "We maken gebruik van de vluchtstrook, om de doorgang te bevorderen. Door het intensieve gebruik ervan en door niet-zichtbare en winterschade zijn er gaten ontstaan in het wegdek. Daardoor is er steenslag opgespat en moeten we een spoedreparatie uitvoeren."

Ynspeksje

It stik dyk oan de oare kant, fan It Hearrenfean nei Akkrum sjocht der "tot nu toe nog goed uit", sa as Kuipers seit. "We gaan wel een inspectie uitvoeren om te kijken of er nog preventief onderhoud aan moet worden gepleegd." As dat yndied moat, sil dat nachts barre.
"Het gevaar is dat er schade kan ontstaan, dat weggebruikers de macht over het stuur kunnen verliezen of dat steenslag schade veroorzaakt aan voertuigen", seit Kuipers. Dat is benammen foar motorriders gefaarlik. "Het is te gevaarlijk voor de weggebruiker, en die mag geen gevaar lopen."
David Kuipers oer de wurksumheden oan de A32