Harjan Visscher nei LDODK: "Belangrijk voor de toekomst van topkorfbal"

Harjan Visscher spilet kommend seizoen foar LDODK. De 25-jierrige international komt oer fan lânskampioen Fortuna út Delft.
Harjan Visscher © LDODK
Visscher spile al geregeld yn sportsintrum Kortezwaag, mar noch net earder yn de griene en giele kleuren fan LDODK. "Het is hier altijd volle bak, het leeft hier enorm. Dat lijkt mij geweldig."
Yn 2019 makke er de stap nei Fortuna, mar no komt Visscher wer dizze kant op. "Mijn vriendin en ik gaan weer in Nijeveen wonen. En dan heb je de keuze tussen of in het noorden korfballen, of wekelijks een aantal keren ver reizen", seit Visscher. "Ik ben uitgekomen op de eerste optie, weer korfballen in het noorden. Voor mij hoorde daar de keuze voor de ambities van LDODK bij."

Play-offs

Visscher kaam út in echt kuorbalnêst. Hy begûn by Wit Blauw yn Kampen. Dêrnei makke er de oerstap nei DOS'46 yn Nijeveen, dêr't hy yn 2019 de finale tsjin LDODK de fjildtitel helle. Yn it foarjier fan 2019 gie er nei Delft. Mei Fortuna helle hy de nasjonale titel yn de seal.
Op De Gordyk wol hy dat nochris dwaan. "We hebben volgend jaar een mooie groep. De play-offs moeten altijd de ambitie zijn, daarna zien we wel verder."

"Belangrijke ontwikkeling"

By LDODK binne se bliid mei de komst fan Harjan Visscher. "Het is altijd bijzonder wanneer een topspeler voor onze club kiest. Het is ook belangrijk voor de toekomst van topkorfbal in het noorden. Met Harjan beschikken we volgend seizoen over een van de beste korfballers van het land en dat in combinatie met Ran Faber als een van de grootste talenten van het land. Een belangrijke ontwikkeling voor onze vereniging."