Siek Postma is predikant yn Dútslân: "It wie boer wurde of dûmny"

Siek Postma komt fan Tsjerkwert, mar wennet al sûnt de jierren '60 yn it Dútske plakje Jennelt. Mei syn âlden emigrearre er dêrhinne om dêr in boerelibben te begjinnen. Yntusken is er hjir dûmny.
Siek Postma en de frou © Omrop Fryslân
De Alvestêdetocht hie krekt west doe't Postma, doe noch in poppe, mei syn famylje yn '63 nei Dútslân ferhuze. Dochs bleau it reedriden wichtich foar de famylje Postma. "As it hjir winter wie, dan leine de redens klear. As de kanalen hjir ticht wiene, dan wiene wy op it iis."

Fjouwer talen

Ek de Fryske taal waard noch altiten sprutsen yn it húshâlden fan Postma. "Ik bin mei fjouwer talen grutbrocht. Mei it Frysk, it Nederlânsk, op 'e dyk en yn it doarp wie it Plat-Dútsk, en op skoalle wie it Heech-Dútsk."
Predikant Siek Postma hat syn pakesizzers dope © Omrop Fryslân
Troch al dy talen thús wie it húshâlden fan Postma wol krekt in bytsje oars, seit Postma: "Us heit en mem hiene it mei de taal wat dreger." Dochs hie er altyd in soad freonen, ek by harren op de pleats. "Der wiene altyd bern. We hiene in moaie jeugd."
Yn de rubryk Operaasje Fryske Flagge ha we kontakt mei Friezen oer de hiele wrâld. Twa jier lyn begûn Omrop Fryslân mei dizze kampanje, om in emoticon fan in Fryske flagge op de telefoan te krijen. Dy liket der foarearst net te kommen, om't it nije bedriuw dat Whatsapp oernimt, pas in flagge makket as in lân ûnôfhinklik wurdt en erkend wurdt troch de ISO.
Dochs binne der noch genôch ferhalen te fertellen: Friezen sitte oeral op de wrâld. Wat driuwt se en hokker aventoeren meitsje se mei?
De kar om yn Dútslân te buorkjen waard makke om't der noch genôch romte wie om grut te buorkjen. "Dat diene se ek mei it each op de takomst fan de bern", seit Postma. Der wiene boppedat yn elts doarp wol minsken út Fryslân of Nederlân dy't der in pleats hiene. "As der jierdeis wiene, kamen de Fryske en Nederlânske boeren byinoar."
De tsjerke dêr't Postma preket © Omrop Fryslân
Op syn tolfde wist Postma dat er dûmny wurde woe. Foar syn heit wie it gjin ferrassing: it leauwen wie wichtich by harren thús. "Ik leau dat it by emigranten faak sa is, dat wat je meinimme sterker fêstholden wurdt. Dat wie ek by ús thús in tema. We hiene diskusjes en sneins nei tsjerke gean wie hiel gewoan. It wie boer wurde, of dûmny."
Ik bin parttime predikant en bin ek noch foar 50 persint ferantwurdlik foar it pastorale wurk mei bline minsken yn hiel East-Fryslân.
Siek Postma út Dútslân wei
Hjoed-de-dei is er predikant foar in gemeente dy't liket op de PKN yn Nederlân. "It is yn in lyts doarpke, 370 minsken wenje hjir. Ik bin der parttime predikant en bin ek noch foar 50 persint ferantwurdlik foar it pastorale wurk mei bline minsken yn hiel East-Fryslân."

Werom nei Warkum

Yn 2009 ferhuzen syn heit en mem werom nei in pleats by Warkum. Postma hat in protte bern en pake- en beppesizzers yn East-Fryslân, dus hy sil net gau werom gean. "Wat ik wol doch, is ien of twa kear yn it jier yn in Fryske gemeente foargean", seit Postma. "Dochs ha ik de lêste jierren de yndruk dat ik hjir noch wat ôf te meitsjen ha."
Siek Postma oer hoe't er grutbrocht is yn Dútslân