Bern moatte foarrang krije by oerpleatsing út grutte opfanglokaasjes

Bern moatte foarrang krije by de oerpleatsing fan flechtlingen fan grutte opfanglokaasjes nei lytsere plakken. Dêroer hat de Twadde Keamer tiisdei in moasje oannaam. Yn it WTC yn Ljouwert sitte op it stuit sa'n 120 bern.
Bern moatte foarrang krije by oerpleatsing
Yn de moasje stiet dat grutskalige opfang foar flechtlingen, lykas yn it WTC yn Ljouwert, net in geskikt plak is foar bern. De moasje wie yntsjinne troch Marieke Koekkoek fan Volt.
Arja Oomkens, spesjalist bernerjochten by UNICEF, hat mei de bern yn Ljouwert praat. "Ze vertelden ons over gevoelens van stress, angst en onzekerheid. Maar ook over pesten en niemand hebben om mee te praten."
Wij vinden echt dat de opvang ongeschikt is voor kinderen om te verblijven. Iedereen kan elkaar horen, er is geen privacy.
Arja Oomkens, spesjalist bernerjochten by UNICEF
Flechtlingen yn de opfang kleie boppedat oer te min privacy. Oomkens fynt dat terjochte: "Wij vinden echt dat de opvang ongeschikt is voor kinderen om te verblijven. Iedereen kan elkaar horen, er is geen privacy. De slaapkamers worden gescheiden door een paar schotjes."
© Leo Middelsé, Lennard Geerts
Yn de moasje stiet dat de grutskalige opfang lykas it yn it WTC "niet voldoet voor kinderen die een stabiele, rustige en veilige omgeving nodig hebbe nvoor een gezonde ontwikkeling."
Yn it WTC yn Ljouwert sitte 600 flechtlingen, wêrfan 120 bern. "Het risico op ontwikkelingsschade bij kinderen in grootschalige locaties, veelvuldig verhuizen en achterblijvende aandacht voor zorg en psychosociale hulp is aanzienlijk", sa stiet yn de moasje.

Probleem spilet sûnt 2019

Jacqueline Engbers fan it COA ûnderkent it probleem, mar neffens har spilet it al sûnt 2019. "We roepen al een paar jaar dat er te weinig opvangplekken zijn. Door de huidige crisis wordt het nu zichtbaar", seit Engbers.
De opvang in het WTC is noodopvang waar vluchtelingen eigenlijk niet langer dan een paar weken zouden moeten verblijven, maar waar moet je met hen naartoe?
Jacqueline Engbers fan it COA
"De opvang in het WTC is noodopvang waar vluchtelingen eigenlijk niet langer dan een paar weken zouden moeten verblijven, maar waar moet je met hen naartoe? Die plaatsen zijn er niet", seit Engbers.

Wenningneed

Dêr komt noch by dat der yn de asylsikerssintra yn Nederlân 13.000 minsken mei in ferbliuwsstatus sitte. De statushâlders hâlde plakken beset dy't bedoeld binne foar flechtlingen, wylst se rjocht ha op in wenning. Engbers: "Maar door de woningnood zijn die er ook niet."
Miranda Bakker © Auke Zeldenrust, Omrop Fryslân
"Het is ook niet de ideale oplossing om kinderen onder te brengen in een hal waar geen daglicht is", seit Miranda Bakker fan de opfang yn it WTC. "Ook volwassen mensen hier langdurig opvangen is geen goed idee, dat wil het COA ook niet."
De measte minsken yn de opfang sitte der al fan 4 novimber ôf. "We hadden gehoopt dat er meer opvangplaatsen zouden komen zodat de doorstroom snel zou gaan, maar dat is helemaal vastgelopen."

Mear jild nedich

Neffens har binne der op it stuit gjin bettere opfangplakken yn Ljouwert. "We hebben geen zicht op andere opvangmogelijkheden. We zijn druk aan het zoeken en het schouwen. Niet elk pand is geschikt om zoveel mensen op te vangen, maar we blijven er hard aan werken."
Se ha der hast in 'deitaak' oan, seit Bakker. De lokaasjes dy't se oant no ta fine koene, binne te djoer of moatte te bot opknapt wurde. Der is dêrom mear jild nedich, jout se oan.
It COA is drok op syk nei lytsere opfanglokaasjes