Adri de Boer fertsjinwurdiget Fryslân by Liet Ynternasjonaal

Troch it coronafirus duorre it fjouwer jier foardat Liet Ynternasjonaal wer plakfynt. Dizze freed dogge yn de Deenske stêd Tønder 13 acts út minderheidstaalregio's mei. It festival is 13 maaie fan 19.00 oere ôf te sjen fia in livestream by Omrop Fryslân.
Adri de Boer: winner fan Liet © Omrop Fryslân
Adri de Boer wûn it Fryske Liet 2021 mei it ferske 'Bliuw mar by my'. Hy naam it op tsjin seis oare acts, dy't meidienen om it bêste orizjinele liet yn it Frysk of yn ien fan de streektalen yn Fryslân.
By de earste Liet yn 1991 waard De Boer twadde, dit jier mei hy Fryslân fertsjinwurdigje yn Denemarken. Dêr komme ûnder oare acts út Spanje, Italië, Dútslân, Denemarken, Finlân en Israël.
Liet Ynternasjonaal
It festival Liet Ynternasjonaal is in Frysk inisjatyf en waard yn 2002 foar it earst organisearre yn Ljouwert. Sûnt 2006 reizget it festival troch Europa. De trettjin ferskes dy't yn de finale tsjininoar stride, binne troch in sjuery selektearre út mear as 30 ynstjoeringen.
By de finale op freed 13 maaie, krekt foar de slotshow fan it grutte Europeeske sjongfestival in dei letter, sil de Oekraynske sjongeres Ingret de iepening en pauzeact fersoargje.
Liet Ynternasjonaal is freed 13 maaie fan 19.00 oere ôf fia in livestream te sjen online en op de webside fan Omrop Fryslân. Op Himelfeartsdei stjoert Omrop Fryslân in gearfetting út fan de finale op telefyzje.