Berne-itensiedersskoalle fan start yn Abe Lenstra stadion

De itensiedersskoalle foar bern Fikks (Friese ideële kinderkookschool) is dizze wike begûn mei lessen yn in skybox fan it Abe Lenstrastadion. Fikks set him yn foar in sûnere libbensstyl foar bern yn de gemeente Hearrenfean.
Berne-itensiedersles yn Abe Lenstra stadion
Sa leare basiskoalbern fan groep seis, sân en acht oer sûn iten. Se priuwe hoe lekker it wêze kin en hoe leuk it is om mei syn allen iten te meitsjen.
Les yn sûn itensiede © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Groepkes fan fyftjin bern leare fan alles oer iten yn acht lessen itensieden. Dy krije se fan fiedingssaakkundige Mama Mascha út Ljouwert op basis fan in it programma fan fiedingssintrum Superchefs. Se krije ek twa ekskurzjes.

Fikkie stoken

"Dan willen we de kinderen laten zien waar het eten vandaan komt, leit oprjochter fan Fikks, Ilse van Ast, út. "We gaan bijvoorbeeld naar de boer om te kijken waar de melk vandaan komt. We gaan een keer buiten fikkie stoken. En we gaan buiten eten zoeken om te kijken waar je eten vindt in de natuur."
Les yn sûn itensiede © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Der binne hieltyd mear bern mei oergewicht yn de gemeente, dy't bekend stiet om sport en sportgemeente fan it jier west hat, stelde Van Ast fêst. "Ik had het idee dat er voor gezonde voeding minder aandacht was. Sport, gezonde voeding en leefstijl is volgens mij de ideale combinatie. Daarom is het ook super dat we in het Abe Lenstra stadion zitten."

Soad animo

Yn 2020 dienen se proeflessen yn in wyksintrum. De animo wie doe grut. Nei subsydzjes en sponsoring binne se oan de itenssiedersstudio yn de skybox fan it stadion kommen.
It lespakket is net fergees, mar fia Stichting Leergeld kinne âlders dy't it net betelje kinne har melde. De lessen sitte oant de simmerfakânsje al fol.
Les yn sûn itensiede yn it Abe Lenstrastadion © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Oft it programma wurket en bern in sûnere libbensstyl oannimme, is dreech te mjitten, seit Van Ast. "Met tien kooklessen heb je de kinderen niet meteen gezond. We hopen dat er ergens een vuurtje gaat branden. Dat de kinderen denken: hier wil ik wat mee. En wat is het leuk om met elkaar te koken en dat het ook nog gezond kan zijn."
De provinsje en de gemeente Hearrenfean stypje FIKKS. Yn in lôzje fan it stadion is de berne-itensiedersskoalle de ôfrûne wiken boud. Suvelfabryk Ausnutria hat mei SC Heerenveen de ynrjochting fan de studio sponsore.
Mei syn allen oan tafel by de les yn sûn itensiede © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
De lessen kinne de kommende twa jier jûn wurde. Nije wike wurdt de skoalle offisjeel iepene. Mama Mascha sil de kommende tiid noch nei basisskoallen om bern entûsjast te meitsjen foar it programma.