Anthony Musaba nei earste assist fan it seizoen: "De ban is gebroken"

It duorre 26 wedstriden, mar snein joech Hearrenfean-spiler Anthony Musaba syn earste assist fan it seizoen. Kwa goals stiet Musaba noch op nul, mar: "Het is eigenlijk zo dat de ban gebroken is."
Anthony Musaba oer it missen fan kânsen
Anthony Musaba makke dit seizoen noch gjin goal foar Hearrenfean en joech oant ôfrûne snein ek noch gjin ien assist. Oant de 1-1 fan Amin Sarr fan snein tsjin Vitesse, want de assist kaam doe fan Musaba: "Dat is zeker een opluchting. Het is eigenlijk zo dat de ban gebroken is. Dat voelt lekker. Ik was er al dichtbij. Het is lekker dat het is gebeurd."

De statistiken fan Anthony Musaba

Oantal wedstriden Oantal goals Oantal assists
Hearrenfean 27 0 1
Cercle Brugge 29 6 3
NEC Nijmegen 28 7 5
By syn eardere wurkjouwers, Cercle Brugge en NEC, makke hy mear goals en joech hy mear assists.
In echt goeie reden wêrom't it no by sportklup Hearrenfean net slagget, hat hy net. "Het kan misschien liggen aan wat randzaakjes. Iedere speler heeft zijn mindere perioden. Ik denk dat ik dat dit seizoen heb gehad. Vooral met mijn goals en assists. Het zit wel in mij. Ik heb het ook wel laten zien."

Musaba op syk nei mear gelok

Musaba is foaral op syk nei wat gelok. "Ik denk dat het vooral pech is. Dat ik het geluk moet krijgen." Yn de wedstriid fan ôfrûne snein tsjin Vitesse krige hy ek in gigantyske kans op in goal, doe't hy ien op ien kaam mei de keeper fan Vitesse. "Dan moet ik gewoon rustiger blijven. Ik heb het voorheen niet zo erg gehad. Daarom zeg ik dat het geluk weer moet komen. Dan komt het vertrouwen ook meer."
Anthony Musaba oer folgjend seizoen
Musaba wurdt no foar in jier hierd fan AS Monaco. Uteinlik wol hy dêr ek slagje. "Ik moet me sowieso melden by Monaco in de voorbereiding. Van daaruit gaan ze kijken wat ze met me gaan doen."
Sydney van Hooijdonk wurdt fan Bologna hierd en technysk manager Ferry de Haan hat al witten litten dat Hearrenfean sjen sil oft se noch in seizoen fierder kinne mei Van Hooijdonk, mar de kâns dat dat mei Musaba ek bart, is net sa grut. Hy hat sels yn elts gefal neat heard fan Hearrenfean. Alteast: "Niet dat ik weet, nee. Wat ik zelf hoop is spelen bij Monaco. Dat is wat ik het liefst wil."
Boppedat spilet it ek in rol wat de nije coach, Kees van Wonderen, wol. "Als ze met drie voorop gaan spelen, zou ik dat wel bekijken. Als Van Wonderen met twee voorop wil spelen, wordt voor mij lastig. Met drie voorop, zie ik dat wel zitten. Daar ligt mijn kracht."
De wedstriid Ajax-Hearrenfean begjint woansdei om 20.00 oere. Fan 19.45 oere ôf begjinne de útstjoering. Roelof de Vries is de kommentator by Ajax-Hearrenfean. Andor Faber sit op itselde momint by Cambuur-Willem II.