Learachterstannen by eksamenkandidaten: "Behoefte aan examentraining was enorm"

By eksamenkandidaten binne in soad learachterstannen, seit Swannet van der Akker fan Examentraining Friesland. "Van onze docenten vernemen we dat stof ver was weggezakt. Er is geen tijd voor herhaling geweest."
Learling riedt eksamen ta © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
It bedriuw hat it de ôfrûne twa wike smoardrok hân mei it klearstomen fan eksamenkandidaten. Van der Akker is inisjatyfnimster fan Examentraining Friesland, mar stiet ek sels foar de klasse. "Wij hebben de afgelopen twee weken elke dag examentraining gegeven, in totaal hebben we tweehonderd trainingen verzorgd. De behoefte was enorm."
Van der Akker seit dat dit net te fergelykjen is foar de coronakrisis, doe hiene se de helte fan de oanmeldingen, mar waarden de trainingen ek net safolle fergees oanbean troch de skoallen.

Lesútfal

De reden foar it ferlet is neffens de dosint de lesútfal. "Ik sta zelf ook voor de klas in Leeuwarden en zie dat ook. Zieke docenten en scholen die geen inval meer kunnen krijgen."
Lokaal klear foar eineksamen © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
It gefolch is dat de learlingen achterstannen hawwe. "Ik zal heus niet zeggen dat het niveau slecht is, maar van onze docenten vernemen we dat stof ver was weggezakt. Er is geen tijd voor herhaling geweest."
© Omrop Fryslân, Ronnie Porte