Poëzystien yn Ljouwert ûntbleate ta oantinken oan Joop Mulder

Ta oantinken oan Joop Mulder is yn Ljouwert in poëzystien ûntbleate. 'Een plek waar de wind door je hoofd waait', sa begjint it gedicht Vrijplaats fan Wende Snijders.
De poëzystien © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Joop Mulder wie de oprjochter fan Oerol. Hy ferstoar begjin ferline jier en hie op 10 maaie 69 jier wurden. De stien is pleatst op inisjatyf fan Sense of Place (wat ek in idee fan Mulder wie) en Arcadia, yn gearwurking mei de Poëzieroute.
"We wilden Joop graag onderdeel maken van Bosk en zochten een plek waar de bomen nu staan, bij het station. En deze plek bij de grote boom op de hoek van de de kruising tussen de Sophialaan en Willemskade vonden we geschikt", seit Wendy Gooren fan Sense of Place.
Poëzystien ta oantinken oan Joop Mulder © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Se is bliid mei it gedicht dat sjongeres en aktrise Wende Snijders makke. "Joop noemde haar gekscherend zijn muze, ze hadden een klik."
De ûntbleating wie in emosjoneel momint. "Ook omdat het Joops geboortedag was, het was fijn en emotioneel om hem met z'n allen op zo'n moment te herdenken."
Wendy Gooren fan Sense of Place