Krityk op kuierjend Bosk yn Ljouwert: "Waarom niet in de buitenwijken?"

It beammeprojekt Bosk yn Ljouwert is in grut sukses, mar wêrom kuieret it allinnich troch it sintrum fan de stêd? Dat is de krityske fraach dy't ferskate ynwenners fan Ljouwert op it stuit ha.
Bosk is oars as dat betinker Joop Mulder foar eagen hie:
It idee fan Joop Mulder, de oprjochter fan Oerol en Sense of Place, wie om mei Bosk de wiken yn de Fryske haadstêd te ferbinen en te ferbetterjen. De yn jannewaris 2021 ferstoarne Mulder woe de wiken belûke by it projekt, omdat it neffens him by Kulturele Haadstêd yn 2018 te min barde.
"Joop had dat behoorlijk in zijn oren geknoopt en wilde bij het ontstaan fan Bosk ook echt in de wijken gaan beginnen met oogstfeesten en moestuinen", fertelt Mulder syn freon Jan Gaastra. "Er wonen heel veel mensen in de wijken en er zijn ook veel armere wijken in Leeuwarden. Die mensen moet je erbij betrekken."
Het is toch ook leuk dat je met een combinatie van een 'swalkjend' bos, kunst, cultuur en muziek iets moois kunt neerzetten?
Marit Bamboe, wykpanel Flietsône
Dat idee is loslitten, ta fertriet fan bygelyks ynwenners fan de Flietsône. Se woene dêr hiel graach meidwaan mei Bosk, om de ynwenners te ynspirearjen. "Dan kun je ook zien hoe belangrijk groen is", seit Marit Bamboe fan it wykpanel. "Het is toch ook leuk dat je met een combinatie van een 'swalkjend' bos, kunst, cultuur en muziek iets moois kunt neerzetten? Samen, voor onze stad en voor onze wijk."
Bosk by it Sintraal Stasjon yn Ljouwert © Omrop Fryslân
Wethâlder Hein Kuiken fan de gemeente Ljouwert jout oan dat ferkearsfeilichheid in reden is om de beammen net bûten de binnenstêd te ferpleatsen. Neffens Arcadia is it boppedat net helber om Bosk fierder te ferpleatsen, omdat it om in soad beammen giet en se te swier binne om der fier mei te rinnen.
"Dit project is eigenlijk ook bedoeld om heel veel mensen uit de wijken ook weer naar de binnenstad te laten gaan en te laten ervaren als een plek voor iedereen", seit direkteur Sjoerd Bootsma fan Arcadia. Dochs is der neffens him tocht oan de bûtenwiken. "Al deze bomen worden herplant, ook in de wijken van Leeuwarden."