Bernesearje, popmuzyk en ferhalebank yn it Frysk winne Stim fan Fryslân

De trije winnende ideeën op it platfoarm Stim fan Fryslân binne tiisdei bekend makke. It giet om in Fryske ferzje fan de bernesearje Buurman en Buurman, it oersetten nei en ynsjongen fan bekende en besteande popnûmers yn it Frysk én it opsetten fan in biblioteek fan Fryske ferhalen.
De priisútrikking fan Stim fan Fryslân © Omrop Fryslân, Jan Dirk de Haan
Op it platfoarm brochten 1.382 minsken harren stim út op 33 ideeën. Yn de lêste twa wiken koene se stimme op de trije meast oansprekkende ideeën foar de takomst fan de Fryske taal.
It plan foar in Fryske Buurman en Buurman (232 stimmen) wie yntsjinne troch sjonger Emiel Stoffers fan De Hûnekop. Hy hat ek al in idee foar in Fryske titel foar de bernesearje. "Ik ha Piebe en Gurbe yntsjinne, mar dêr hoege we ús net oan fêst te klamjen natuerlik. It kin fan alles noch wurde."
Ypie Boersma fan Provinsje Fryslân en sjonger Emiel Stoffers
As twadde einige it idee SJONG IT! Live! (98 stimmen) dat yntsjinne is troch Anouck Veenstra fan Studio Audioshape. Trochdat muzikanten leare it Frysk as taal te brûken, kin it Fryske muzikale oanbod groeie. "Het is leuk om mensen de kans te geven om een nummer dat ze leuk vinden te vertalen naar het Fries, dan vervolgens op te nemen in een geluidsstudio en daar een optreden mee te doen in Neushoorn", seit Veenstra.
Tredde waard it idee om Fryske ferhalen te behâlden foar de takomst troch it opsetten fan in digitale ferhalebank mei spannende harkspullen (82 stimmen). Meindert Tjerkstra fan ûnderwiisburo Semko fan De Jouwer: "Wy sitte te tinken oan in podcast, om it dêr yn te dwaan, en dat minsken dan elke wike in nij ferhaal krije. Dat is natuerlik net allinnich foar ûnderwiis, mar foar elkenien dy't fan ferhalen hâldt."
Anouck Veenstra en Meindert Tjerkstra
De yntsjinners fan de trije winnende ideeën kinne oant 15.000 euro ûntfange om harren idee noch dit jier út te fieren. Provinsje Fryslân stelt it jild beskikber en de yntsjinners soargje sels foar de útfiering.
Neffens deputearre Sietske Poepjes hat it inisjatyf foldien en sil der in breder ferfolch komme op Stim fan Fryslân. "Wy wolle ek graach oer oare ûnderwerpen, net inkeld oer it Frysk, fan de minsken sels witte. Tink mei ús mei, hoe soene jo dit dwaan? En dat der ek oer stimd wurde kin."
Deputearre Sietske Poepjes: "It wie mear as dat wy ferwachte hiene"