Tegels adoptearje om swimbad te fernijen: "Hoechst se net sels te himmeljen, hear!"

It swimbad De Blauwe Kamp fan Nij Beets besiket op kreative wize mear jild te krijen, om in opknapbeurt te bekostigjen. It swimbad is ynkomsten misrûn troch de coronakrisis en nije tegels binne hieltyd djoerder.
De wurksumheden binne yn folle gong:
Yntusken moat it bad no wol oanpakt wurde. "It blykt dat wy sels jild krigen hawwe út Kapelle yn Seelân!", seit foarsitter Rik Mulder fan De Blauwe Kamp. Hy is tige wiis mei de stipe dy't it swimbad oant no ta kriget út in opsette crowdfundingsaksje.
Minsken kinne foar 25 euro in kante meter keapje, om de betegeling fan it grutte swimbad mooglijk te meitsjen. Durk Feenstra, de ponghâlder fan it bestjoer, pakt de sifers derby: "175 kante meter is no adoptearre. Wy hawwe yn totaal 600 meter beskikber."
Dizze wiken wurde de tegels yn it grutte bad dellein. De âlde, blauw ferve flier kin net langer mear. Frijwilligers moatte it besinksel fan de flier himmelje mei swiere apparatuer en dat is net goed foar de rêge. Mei de nije flier kin it bestjoer in skjinmakrobot keapje, wêrtroch't frijwilligers harren wurk dwaan bliuwe kinne.
Foarsitter Rik Mulder (l) en ponghâlder Durk Feenstra (r) © Omrop Fryslân, Casper Slotboom
De crowdfunding is bot nedich om de hiele operaasje te beteljen. De kosten yn de bou rinne enoarm op en der binne flinke leverefterstannen. Sa woene de bestjoersleden blauwe tegels dy't passe by de wanden dy't altyd blau ferve wurde. Dy binne net mear beskikber, dus wurde der no wite tegels pleatst.
"Wy hawwe al heard dat it 25 prosint mear kostet as dat begrutte is", seit Mulder. Dêrom moast it bestjoer in kar meitsje. It boubedriuw hat sein dat it nei 1 april de ekstra kosten trochrekkene soe. Mulder: "Helaas draait de tegelman op foar de ekstra kosten. Wy binne tige tankber dat it bedriuw sa mei ús meitinke wol."
Mulder: "Hoechst sels dyn tegels net skjin te meitsjen, hear!"
Yntusken is der 4.000 euro ophelle. Yn totaal hopet it swimbad 12.000 euro fia de crowdfunding te dekken: "It drupt noch altyd binnen, mar der sit noch in lyts gat yn ús begrutting. Dus wy hoopje dat minsken noch kante meters adoptearje wolle", seit Mulder. "It swimbad hat genôch reserves oer om dat bedrach op te fangen, mar dan hawwe we net mear jild oer foar oare dingen dy 't mooglik noch barre moatte", follet Feenstra oan.
Nei dizze wike is it lizzen fan de tegels in alle gefallen klear. Dan kostet it noch tsien dagen om it swimbad wer te foljen mei suver wetter. Op 28 maaie giet it swimbad wer iepen mei in nije, blinkende en kompleet finansierde boaiem, sa hopet it bestjoer.