HEA! In bisteboel yn Ternaard
Op basisskoalle It Harspit yn Ternaard komt bysûndere besite. It wurdt in bisteboel by de bern fan groep ien oant en mei fjouwer.
De skoalbern fine de bisteboel prachtich:
De frijwilligers fan bisteferiening PKV Frisia en natueredukaasjesintrum De Klyster nimme knyntsjes, kavia's, sierdowen en allegear oar lyts guod mei. Se jouwe de bern tips oer de fersoarging en it hâlden fan bisten.