Brêge Skûlenboarch wer yn wurking nei hast in dei steuring

De brêge by Skûlenboarch dy't hast in dei lang lêst hie fan in steuring, is wer iepen foar ferkear. De oarsaak fan de steuring is noch net fûn, mar nei it ferfangen fan twa sensoaren wurket alles wer sa't it heart.
De brêge Skûlenboarch © Omrop Fryslân, René Koster
Troch de steuring stie de brêge tusken Eastermar en Jistrum al sûnt moandeitejûn iepen. It ferkear oer de dyk moast omride, om't de brêge net mear betsjinne wurde koe.
No't de steuring ferholpen is, kin it ferkear der wer oerhinne.