Hoarekasektor wol mear tiid om coronaskulden werom te beteljen

Hoarekabedriuwen moatte mear tiid krije om har coronaskulden werom te beteljen. Mei dy oprop komt in tal ôfdielingen fan Koninklijke Horeca Nederland. Sûnt 1 april krije ûndernimmers gjin coronastipe mear, mar moat der wol wer betelle wurde.
© Shutterstock.com
Yn Fryslân hawwe de ôfdieling Harns, Midden-Fryslân en Ljouwert de oprop ûndertekene. Hoareka-ûndernimmers moatte op syn minst tsien jier de tiid krije om de belestingskulden dy't se oprûn ha yn de coronakrisis werom te beteljen.
"Minsken moatte soms in diel werombetelje fan de stiperegelingen dy't se hân ha of se hawwe hierachterstannen", seit Ton Eijer fan de ôfdieling Ljouwert. "Of se ha privee problemen krigen mei de hypoteek of dat se jild liend ha om rûn te kommen yn de tiid dat se ticht wienen."

Terrassen fol, mar finansjeel noch net op oarder

Der komt no wol wer jild binnen mar der moat ek wer fan alles betelle wurde. "Underoan de streep bliuwt der net folle oer. Se sizze dat se no fêst sparje moatte om de belesting betelje te kinnen en sa kinne se gjin ynvestearringen dwaan. It is moai dat it wer drok is en dat de terrassen fol sitte, mar finansjeel is it noch net op oarder."
Neffens berekkeningen soe 15 prosint fan de ûndernimmers der problemen mei krije kinne. "Dy soenen it wolris net rêde kinne, dat jildt net inkeld foar hoareka, mar ek foar kappers en oare ûndernimmers."

Herstelplan

De hoarekafoarsitters wolle ek in finansjeel herstelplan op maat foar de sektoaren dy't it hurdste troffen binne. "Der binne starters dy't net folle stipe krigen hawwe, dy foelen krekt bûten de boat. Dêr moat ek omtinken foar wêze."
Ton Eijer