Resinsje De Weldoener fan Illustere Figuren: Neat is wis. En sels dat net!

"Twijfel is het begin van alle wijsheid." Teäterselskip Illustere Figuren set it publyk mei de foarstelling 'De Weldoener' wer folop yn beweging. 'Bonifatius Superstar'. Stof ta neitinken, mei in kwinkslach.
© Omrop Fryslân
Gewoanwei giet teätergroep Illustere Figuren by it meitsjen fan de foarstellingen it eksperimint net út 'e wei. Aktuele tema's wurde dêrby oan de hân fan ymprovisaasje útwurke ta libbensbeskôgjend toaniel. In kreative syktocht wêrby't gauris de meiwurking fan it publyk frege wurdt.

Licht amusemint oer Bonifatius

Foar 'De Weldoener' hawwe Tim Verbeek, Joeso Peters, Raymond Muller en Zen Roorda dit kear lykwols keazen foar in tradisjonelere teäterfoarm. Licht amusemint oer de ferneamde biskop Bonifatius, dy't by Dokkum fermoarde waard. Mar dy't foar de manlju fan it selskip noch hieltyd in toanbyld fan stânfêstigens en oertsjûgende diedkrêft is.

Boadskip foar de minsken

Tim Verbeek hat dit kear de liedende rol yn it gehiel oanmetten krigen. Krekt om't er oan himsels twivelet. Diedkrêft is by him fier te sykjen en hy sjocht yn Bonifatius in ljochtsjend foarbyld om him te transformearjen ta de man dy't hy eins wêze wol. In man dy't boppedat in boadskip foar it minskdom hat. Dêrfoar is in 'yngreven' stúdzje nei dizze histoaryske figuer fansels needsaaklik.
De Weldoener © Nienke Maat
Dy 'reis' nei it djipste wêzen fan Bonifatius wurdt ferbylde as in showprogramma. Yn de foarm fan in tv-kwis moatte we in better byld fan Bonifatius krije. Wat wie eins de driuwfear fan dizze hillige? Hoe wie syn libben? En hoe kaam Bonifatius no krekt oan syn ein?
Tim Verbeek yn glitterpak is ús gasthear, dy't yn syn programma ferskate gasten en deskundigen ûntfangt om hjiroer dúdlikheid te krijen.

Tsjûgen fan de moard op Bonifatius

Mei in panel bygelyks fan trije tsjûgen fan de 'moard'. De autochtoane Fries, kompleet mei heafoarke, dy't mient dat Bonifatius terjochte ta de dea feroardiele is. De biskop liet de foar de Friezen hillige iik omkapje. Dêrnjonken de fanatike folgeling fan de biskop dy't de Friezen fan in brute roafmoard beskuldiget en ta einbeslút de frou dy't al pisjend yn it reid sjoen hawwe soe hoe't Bonifatius oan syn ein kommen is.

Twivel

Wa fertelt de wierheid? Wat is de wierheid? Neat is mei wissichheid te sizzen. En yn in doldraaiende parody op it fenomeen showbizzkwis, sa't we dy alle dagen wer op telefyzje sjogge, leare we dat eins neat yn it libben seker en wis is. Ek net slim, want twivel is ommers de oarsprong fan alle wiisheid. Sa hâldt de deskundige de kwismaster foar.
De Weldoener © Nienke Maat
Dan folget in soad gekkichheid, dêr't it publyk him smaaklik mei fermakket, en aktyf by belutsen wurdt. Sa wurde de taskôgers mei tekst-kommando's op grutte buorden oanmoedige om op de ferskate sketskes te reagearjen: 'lachen, juichen, afkeuren, applaus!'
Fermaaklik, al graaft de humor net al te djip. De wurdgrapkes binne flot en adrem, mar ek gauris wat foar de hân lizzend.

Tsjerke minder geskikt foar show

En yntusken giet de syktocht fan Tim nei it djipste wêzen fan Bonifatius mar troch. Mei alle eleminten dy't by in showprogramma hearre. Dan blykt in tsjerke yn dat ramt dochs net hielendal it ideale plak om in showprogramma del te setten.
Sa wie premjêre yn de Huzumer tsjerke yn Ljouwert tusken acht en njoggen oere jûns. Yn dat skimerljocht kamen de flitsende ljochteffekten dy't by de showbizz hearre net hielendal út de ferve. En waarmte en gesellichheid, ek al is it kitsch, hat dit programma krekt nedich. Faaks dat de spotljochten wat letter op 'e jûn wol foar de krekte sfear soargje kinne.
De Weldoener © Nienke Maat
De foarstelling oer de hillige Bonifatius einiget fansels, it kin ek hast net oars yn in tsjerke, op de preekstoel. As Tim nei syn inerlike reis, de syktocht nei Bonifatius, in boadskip hat foar it publyk:
"Het enige dat ik zeker weet, is dat ik niets zeker weet." De minsken njonken my yn de tsjerkebanke knikten ynstimmend. Foar har in eyeopener. Mar foar de measten kin dit dochs gjin iepenbiering wêze. Eduard Douwes Dekker gie as Multatuli ommers noch in stapke fierder: 'Misschien is niets geheel waar. En zelfs dat niet!' Of soe ek dit boadskip fan de Illustere Figuren iroanysk bedoeld wêze?

Irony

"Mocht je het leuk vinden, zegt het voort. Vind je er niets aan, houd dan verder je mond", sei in meiwurkster foarôf oan de foarstelling. Hearlik. Dy irony paste hielendal by de foarstelling sels.
Foar in lyts bedrach is de taskôger fersekere fan in noflik oerke teäter troch in stel entûsjaste en talintfolle teätermakkers. It publyk ferliet nei ôfrin mei bliid moed de tsjerke. En dat is yn dizze tiid fan doemtinken en oarlochsellinde ek wat wurdich.
Yn it radioprogramma Op & Ut besprekt ferslachjouwer Henk te Biesebeek alles wat him yn Fryslân ôfspilet op kultureel mêd. Syn resinsjes ferskine ek op de webside fan Omrop Fryslân.