Fan Aliyam (10) oant Jan (74), op De Jouwer ûntkomt gjinien oan it keatsfirus

Keatsklups belibje minne tiden, want rûnom nimme de ledetallen ôf. Utsein op De Jouwer, dêr't in nije keatsklup oprjochte is. Sels Aliyam út Eritreä is net te hâlden.
Nije keatsklup op De Jouwer:
Ferline simmer begûn Jan Prins mei in keatsinisjatyf yn it doarp. Prins is hikke en tein yn Frjentsjer, it keatswalhalla fan Fryslân. Doe't er nei De Jouwer ferhuze, miste er it keatsen. Dus sloech er geregeld mei freonen in baltsje op de sportfjilden.
Hieltyd mear minsken sleaten harren dêrby oan. It wie tiid om ris te sjen oft yn it doarp mear animo wie foar it keatsen. "It wurdt hjir dien foar en troch de Jousters", fertelt Prins.
De earste trainingsdei op De Jouwer wie drok © Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg
De Stichting Kaatsclub Joure hâlde ferline wike de earste gearkomste fan it seizoen. Prins wie tige bliid mei de opkomst fan goed tritich Jousters. "Dat fielt geweldich. Ik bin sa bliid mei dizze opkomst."
Net allinne de Jousters stypje de keatsklup, de gemeente docht ek mei. Sa krijt de nije Stichting Kaatsclub Joure jild om op de basisskoallen boartsjendewei keatslessen te jaan. De nije leden moatte sa fan de eigen jongerein komme.
Aliyam oefenet opslach © Omrop Fryslân, Larissa Lokenberg
Ien fan de jeugdtalinten is Aliyam. Se komt út Eritreä en is 10 jier âld. Se hat ferline jier ek al meitraind en is grypt troch it keatsfirus. It moaiste fynt se it weromkeatsen fan de bal: "En het spelen in een team. Ik hou van kaatsen."
Mar ek de âlderein docht mei, lykas bygelyks de 74-jierrige Jan Hylkema. Hy hat ea yn Leiden it keatsen leard fan Fryske studinten. Hast fyftich jier letter wol er it nochris besykje.
De measten dogge oan fuotbal of kuorbal, sjochst dat se de technyk al goed behearskje.
Thomas van Zuiden
Hylkema krijt, mei de oare folwoeksenen, les fan haadklassekeatser Thomas van Zuiden. Hy jout meast clinics oan bern.
"It is hartstikke leuk om les te jaan. Meastal dogge se oan fuotbal, kuorbal of follybal. En dan sjochst dat se de technyk al goed behearskje."
Ferslachjouwer Larissa Lokenberg is by de keatstraining
Van Zuiden hopet dat de oprjochting fan de nije klup nije keatsers opsmyt. "It soe moai weze as we de jeugd fan De Jouwer op de keatsfjilden weromsjogge."