Nei twa heale seizoenen begjinne keatsers no wer 'gewoan' yn maaie

Foar it earst yn twa jier is it keatsseizoen op tiid los: yn maaie, sa't it heart. Dit wykein wiene de earste frijeformaasjepartijen yn de haadklasse.
De manlju kamen yn aksje yn Frjentsjer en de froulju mochten nei Tsjom:
It keatsseizoen begûn yn 2020 yn july. Foarich jier wie it juny. Mar de tiid dat de Fryske simmersport pleage waard troch corona, liket efter ús te lizzen.
En dus koene snein, 'gewoan' yn maaie, de earste frijeformaasjewedstriden fan it seizoen ferkeatst wurde. "Corona hearre je net mear", seit Gert-Anne van der Bos. "Je binne bliid dat je wer in folslein seizoen ha."

Net mear sa ûnwis

It jout ek allegear wat mear wissichheid, jout Van der Bos syn maat Taeke Triemstra oan. "Oars duorre de tarieding hiel lang en wie it ûnwis wannear't je begjinne koenen. Je witte no wer wêr't je nei ta wurkje en wannear't je begjinne kinne."
Oare seizoenen sieten we allinnich mar te wachtsjen, dat is hiel ferfelend.
Hans Wassenaar
Dat hat Hans Wassenaar, ferliezend finalist yn Frjentsjer, ek. "We binne der no klear foar, sawol fysyk as mentaal. Oare seizoenen sieten we allinnich mar te wachtsjen, dat is hiel ferfelend. No sitte we yn ús normale ritme."
Dylan Drent, dy't mei Marten Bergsma en Hendrik Kootstra de oerwinning pakte yn Frjentsjer, hat it mist. "Het familiegevoel dat je met het kaatsen hebt, is weer helemaal terug. Eerst moest je met een boog om iedereen heen lopen."

Even wenne

Yn Tsjom sette de frije formaasje fan de froulju útein. Dêr binne der ek wol wat mingde gefoelens. "Foar ús gefoel wurdt dit in lang seizoen", tinkt Ilse Tuinenga. "It wende ek wol om twa kear in heal seizoen te hawwen. It wie allegear koarter op elkoar."
Marrit Zeinstra waard mei Nienke Sijbrandij en Manon Scheepstra winner yn Tsjom. "It wie wol wer even wennen, it wie omskeakeljen. Yn maart wie it min waar, april ek. Foar myn gefoel binne we wat let begûn mei bûten keatsen."

Soargen oer nivo

Dêr wie it dit wykein wol moai waar foar. Yn it frouljuskeatsen binne der mear soargen: it nivo. Al jierren stekke der twa partoeren boppeút en hâldt it nivo yn de breedte net oer. Yn Tsjom stienen der wer froulju op it fjild dy't eins opholden wienen.
Zeinstra hat ek noed. "We kinne krekt in earste klasse en in haadklasse meitsje. Dat is skande, dat is spitich. It moai dat it no noch kin, mar de foarútsichten binne net roaskleurich. Dat makket it ek minder leuk."