Tjibbe Brinkman (FNP) wol yn Achtkarspelen 'wethâlder fan it folk' wêze

Tjibbe Brinkman wol foar de FNP yn Achtkarspelen 'wethâlder fan it folk' wêze. Dat sei hy snein yn it Nijsfoarum fan Buro de Vries.
Tjibbe Brinkman © Omrop Fryslân, René Koster
"It riedswurk dat ik jierrenlang dien ha, wie foar my net allinnich in soad fergaderje op it gemeentehûs. Mar krekt ek in soad der op út: ombudswurk, ûnder de minsken wêze en foar harren opkomme. En gewoan witte wat der spilet", seit Brinkman.
Foar it nije kolleezje fan Achtkarspelen is Brinkman no beëage wethâlder. "Rekkenje der mar op dat ik dan gewoan mysels bliuw. Net hierargysk, mar gewoan Tjibbe fan Twizel. En fansels kin ik net alle problemen fan de wrâld oplosse, mar ik gean wol troch sa't ik dat altyd dien ha."

Gjin blêd foar de mûle

Brinkman, dy't fanwege syn wize fan politikus wêzen no wol 'riedslid fan it folk' neamd wurdt, sil yn syn nije funksje ek gjin blêd foar de mûle nimme. "Ik bin net immen dy't mei in pûn moal yn de mûle prate kin. At dat moat, dan doch ik net."
Tjibbe Brinkman yn it Nijsfoarum fan Buro de Vries