Keamerlid Romke de Jong (D66): "De polarisaasje yn ús lân is soarchwekkend"

Romke de Jong, Twadde Keamerlid foar D66, neamt de tanimmende polarisaasje yn ús lân "soarchwekkend". Hy sei dat yn it Nijsfoarum fan Buro de Vries.
Romke de Jong, Mirka Antolovic en Tjibbe Brinkman sieten snein yn it Nijsfoarum © Omrop Fryslân, René Koster
"It feit dat ús lân út de top-10 dûkele is fan lannen dêr't de parsefrijheid goed regele is, seit genôch. Dat kin écht net en is soarchwekkend, om't in sterke demokrasy de parse nedich hat", seit De Jong.
Neffens de demokraat kinne je wat der no om de media hinne bart net mear as ynsidinten ôfdwaan. Hy fynt dat Den Haag 'alle middelen ynsette moat' om dit te kearen, sûnder konkreet te beneamen hoe't dat dan krekt moat.

Jonge leeftiid

Neffens Mirka Antolovic, direkteur fan Tûmba en PvdA-riedslid yn Ljouwert, moatte je net oan symptoombestriding dwaan, om't neffens har de basis foar de polarisaasje al op jonge leeftiid begjint.
"Zelfs bij kleuters zie je soms al een gebrek aan respect voor de leidsters. Ik snap best dat er groepen zijn die zich buitengesloten of niet-gezien voelen, mar dat mag natuurlijk nooit tot geweld leiden. Maar media hebben ook een eigen verantwoordelijkheid om de diversiteit in beeld te houden. Mensen moeten zich kunnen herkennen in de berichtgeving."

Algoritmes

FNP-riedslid Tjibbe Brinkman yllustrearre de tanimmende polarisaasje mei in foarbyld dat er koartlyn as skiedsrjochter meimakke: "Ik moast in wedstriid ûnder 19 stake om't it net mear te dwaan wie. Agresje yn it fjild en fan de kant ôf. Ik tocht nei 30 minuten fluitsje, wol ik dit eins noch wol?"
"Sjoch mar nei de social media, minsken krije fia de algoritmes allinnich noch mar ferhalen te sjen dy't oerienkomme mei harren eigen miening. Dat sterket harren yn harren ideeën. En spilet de coronatiid mei, of it lange thús sitten? Wat it ek is, ik wurd der eangstich fan!", seit Brinkman.
It fragmint út Buro de Vries oer de polarisaasje yn Nederlân