Moannenlange megaput oan A32 set útein: dit moatst witte

It is al jierren in ergernis foar automobilisten op de A32: hobbels en gatten. Rykswettersteat begjint hjoed mei grutskalich wurk oan de A32. Dat sil fjouwer moannen duorje.
Wurk oan de dyk © ANP
De fundearring is net stabyl, dêrom moat de dyk op 'e nij oanlein wurde. De sneldyk wurdt folslein opnij oanlein, om't de fundearring fan beide rydbanen net stabyl is. Dêrtroch ûntsteane der gatten en hobbels.

De wurksumheden op in rychje

Yn de rjochting fan It Hearrenfean is der sa'n seis wiken lang mar ien rydstripe iepen. Dit is fan 9 maaie oant 22 juny. Benammen yn de spits is der kâns op files. De oare kant op binne wol beide rydstripen iepen. Wat de oerlêst nei 22 juny wêze sil, is noch net bekend, mar automobilisten moatte rekken hâlde mei in langere reistiid.
De ta- en ôfrit fan en nei Akkrum is fan moandei 13 juny 6.00 oere oant woansdei 22 juny 6.00 oere ôfsletten foar it ferkear. Datselde bart fan freed 1 july 6.00 oere oant snein 10 july 6.00 oere nochris.
Dêrnjonken is it fersoargingsplak by Akkrum fan tiisdei 7 juny oant woansdei 22 juny 6.00 oere ticht.

Omliedings

Minsken wurde omlaat mei giele omliedingsbuorden. As de waarsomstannichheden net goed binne, kinne de wurksumheden útsteld wurde.

N361

Fan moandei ôf is ek de N361 tusken Dokkum en Mitselwier trije dagen hielendal ticht foar ûnderhâld. Dêrnei is de dyk noch oardel wike allinnich jûns en nachts iepen.