'Goedkeapste huzen fan Nederlân stean yn Froubuorren'

De goedkeapste huzen fan Nederlân stean yn Froubuorren. Dat docht bliken út ûndersyk fan Elsevier en it Kadaster. De gemiddelde priis de kante meter is yn Froubuorren 1.310 euro.
In frou sjocht nei de huzeprizen © ANP Foto
It is neffens it wykblêd foar it earst dat alle wiken yn Nederlân boppe de 1.000 euro de kante meter sitte. It djoerste plak om te wenjen is de Utrechtsebuurt Zuid yn Amsterdam. Dêr betellest gemiddeld 10.409 euro de kante meter. By de berekkening wurdt allinnich de wenoerflakte meinaam. De tún telt dus net mei.

Wenje 'op stand'

Makeler Pieter Germeraad set wol wat lytse kanttekeningen by it ûndersyk. "It lestige is dat der dêr net safolle wurdt ferkocht. Dus je hawwe gau wat útsjitters nei ûnderen of nei boppen. Mar dat de prizen dêr leger binne as yn in stêd as Ljouwert is dúdlik", seit de makeler.
Makeler Pieter Germeraad yn it radioprogramma Underweis
Sa djoer as yn de Utrechtsebuurt Zuid yn Amsterdam hat Germeraad it yn Fryslân noch nea meimakke. "Dat binne we hjir net wend. Mei 3.000 euro hawwe je it faak wol hân. Miskien 4.000, mar dan hâldt it yn Fryslân wol sa'n bytsje op. Bygelyks yn Ljouwert oan de Harlingerstraatweg of de Spanjaardslaan. Dêr komme je wol op dy prizen út. Mar dan wenje je 'op stand'."

Ofkuolje

De makeler ferwacht dat de prizen it kommende jier net folle mear oprinne sille. "Ik tink dat de merk ôfkuollet. In part fan de doelgroep, de starter, dy sil it aanst net mear betelje kinne. Dan krije je gjin trochstreaming mear yn de merk. Wêrtroch't it wierskynlik allegearre wer wat normalisearret", seit Germeraad.