Tolken geane langer troch mei staking: "Hielendal gjin reaksje hân"

De wurkwegering fan tolken en oersetters duorret langer as fantefoaren oankundige. Se fiere aksje foar in hegere fergoeding.
Fedde Dijkstra (foaroan) by in aksje fan tolken en oersetters © ANP
De aksje soe eins oant en mei 6 maaie duorje, mar de tolken ha besletten yn alle gefallen oant en mei 13 maaie gjin oerheidsopdrachten oan te nimmen, omdat de aksjewike net laat hat ta in nij petear mei de minister fan Justysje en Feilichheid.

Sigaar út eigen doaze

"Der is spitigernôch hielendal gjin reaksje kaam fan de kant fan it ministearje", seit foarsitter Fedde Dijsktra fan de oarder fan registertolken en oersetters. "Dêrom ha we nei oerlis mei de lederie keazen om troch te gean mei de aksje."
De aksjefierders stride foar in taryfferheging. De minimumtariven foar tolken dy't foar de oerheid wurkje, geane al omheech fan 44 euro nei 55 euro, mar dat is in sigaar út eigen doaze, seit Dijkstra.

In healoere wurk

Hoewol't it taryf mei goed 11 euro omheech giet, smyt dat foar rjochtbanktolken gjin ekstra ynkomsten op. Dat komt om't de minister de foarrydkosten fan 20 euro derôf helle hat.
It oeretaryf giet dan wol mei 11 euro omheech, mar de measte sittingen duorje net langer as in healoere. Yn sokke gefallen krije se ek mar de helte betelle. De helte fan it nije oeretaryf fan 55 euro is 27,50. Dat is minder as de goed 42 euro dy't se no noch krije.