Soldaten mei wapens yn Fryslân foar oefening
Fan moandei oant en mei tongersdei binne der militêren mei wapens aktyf yn Fryslân.

It giet om in oefening, meldt de gemeente Hearrenfean. "De militairen verplaatsen zich bewapend door het gebied. Er wordt geen gebruik gemaakt van (oefen)munitie."
De soldaten komme fan it 43 Brigade Verkenningseskadron. Dy binne legere yn de Johannes Postkazerne yn it Drintske Havelte. Mei de oefening traine se ferkenningstroepen.
Oekraïne
Minsken hoege har gjin soargen te meitsjen, meldt de gemeente Hearrenfean. "De oorlog in Oekraïne plaatst het werk van defensie misschien in een ander daglicht. Als u militairen tegenkomt hoeft u zich niet ongerust te maken."
De oefening hat plak yn it gebiet tusken Easterwâlde, Geeuwenbrug, Uffelte, Steenwijk, Vledder en Nijehoarne.
Noardeast-Fryslân
Yn it gebiet tusken Noardeast-Fryslân, Dantumadiel, Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel is yn deselde wike ek in militêre oefening, dêr't soldaten mei regelmaat hinne en wer by ride.