"Maak je een keer een wandelend bos, moet het blijven staan"

Minsken binne entûsjast oer de beammen dy't no foar it Ljouwerter stasjon steane. Dat seit inisjatyfnimmer Bruno Doedens. Se wolle dat de beammen stean bliuwe, seit er.
It stasjon fan Ljouwert is troch de beammen noch mar kwalik te sjen:
De beammen bliuwe net. Se 'kuierje' de kommende hûndert dagen troch de Ljouwerter binnenstêd. It projekt makket diel út fan de kulturele manifestaasje Arcadia, de opfolger fan Kulturele Haadstêd.

Sjouwe

Frijwilligers sjouwe de beammen - op karren mei tsjillen - troch de stêd. Mar foarbygongers sizze no dat de beammen in moai plak ha by it stasjon, seit Doedens.
"Heel veel mensen zeggen: 'laat maar staan dat bos'. Maak je een keer een wandelend bos, moet het blijven staan! Maar wel fantastisch dat mensen zo positief reageren op wat wij hier met zijn allen gemaakt hebben."

Smoardrok

Oan it begjin fan de middei wie it sneon smoardrok yn it bosk. Hûnderten minsken woene de beammen mei eigen eagen sjen.
It docht Doedens goed, om de beammen no foar it stasjon te sjen. "Ik ben heel tevreden. Het is prachtig. Sereen."
"Normaal zie je hier allemaal verkeer, maar de stad wordt zachter. Natuur en cultuur zijn nu veel meer in evenwicht. Dat wil ik graag laten zien."