Dútsk folksliet op Skiermûntseach: "Als je dood bent, is er geen oorlog meer"

De grutste smearlappen dy't yn it noarden húsholden hawwe, sieten yn de oarloch op Skiermûntseach. Op dat eilân klinkt no alle jierren it Dútske folksliet. Dat komt troch Joke Folmer.
Joke Folmer © Thom Verheul
Yn de oarloch siet Joke Folmer yn it ferset. Letter rjochte se op Skiermûntseach it 4 maaie-komitee op. Se sette har yn foar betinking en fersoening.
By de deadebetinking wurde op Skiermûntseach de folkslieten spile fan alle fleaners dy't op it eilân begroeven binne. Acht nasjonaliteiten. Dêr binne ek Dútsers by.
"Als je eenmaal dood bent, is er geen oorlog meer. We moeten een keer vergeven en vergeten. Nou, vergeten niet, maar vergeven zeker", seit WybJan Groendijk, dy't belutsen is by de betinking.
WybJan Groendijk kent Joke Folmer al hiel lang: "Ze kan heel goed vergeven"
Skiermûntseach wie it lêste stikje Nederlân dat befrijd waard fan de Dútsers. Oant 11 juny 1945 wiene der noch hûnderten Dútske soldaten op it eilân.
By de groep sieten misdiedigers fan it slimste soart, sei de Skiermûntseager oarlochskenner Bauke Henstra earder. "De grutste smearlappen dy't yn it noarden húsholden hawwe."
Skier yn oarlochstiid © Tresoar
Under oare de Grinzer lânwachter Oomke Bouman, en Robert Lehnhoff, dy't 'De Beul van Groningen' neamd waard, flechten oan de ein fan de oarloch nei Skiermûntseach.
Nei de befrijing op 5 maaie hopen de SS'ers en de SD'ers noch hieltyd dat der in kâns komme soe om fan it eilân ôf yn Dútslân te kommen.

Joke Folmer

Fersetsfrou Joke Folmer kaam ein jierren '70 op Skiermûntseach te wenjen. De 4 maaie-deadebetinking wie dêr yn it slop rekke, krekt as op in soad plakken yn Nederlân.
Der moast weropboud wurde; hie it net genôch west, it altyd mar weromtinken oan de oarloch? En op Skiermûntseach wie de teneur ek: hiene de eilanners wol wier genôch te lijen hân?
Sjoch hjirûnder nei diel twa fan de Fryslân Dok oer Joke Folmer. Diel ien is hjir te sjen.
Joke begûn te wurkjen oan in nij bewustwêzen op it eilân. Wiene der net ferskate seelju fan Skiermûntseach dy't foar de alliearden fochten hiene, op see bleaun of op in oar plak om it libben kaam?
In tsiental eilanners wie omkaam by it bombardemint op 8 jannewaris 1941.
Alliearde bommen op Skiermûntseach, 8 jannewaris 1941 © Tresoar
Joke liet tinkstientsjes lizze by eilanner huzen dêr't Joaden yn de oarloch wenne hiene, de saneamde 'Stolpersteine'. Ek foar it hûs fan Rosette Bannet yn Zeist, de yn Auschwitz fermoarde skoalfreondin fan Joke, is ein maart in tinkstientsje pleatst.
Tinkstien Rosette Bannet © Omrop Fryslân
Joke Folmer organisearre reüny's foar alliearde fleaners en harren famylje. Se brocht harren yn kontakt mei de Nederlânske famyljes dêr't se ûnderdûkt sitten hiene.
Foar de kust fan Skiermûntseach wie de jonge Ingelske soldaat Kenneth Rutherford delstoart en ferdronken. Sechstich jier letter waard syn broer Gordon fûn. Hy waard útnûge op it eilân en troch Joke ûntfongen.
Sûnt de jierren tachtich wurdt de jierlikse betinking op it earebegraafplak Vredenhof troch hûnderten minsken bywenne.
FryslânDOK Joke Folmer diel 2: Oerlibjen ferplichte
Sneon 7 maaie NPO2 15.30 oere (werhelling snein 13.15 oere)
Snein 8 maaie Omrop Fryslân 17.00 oere (werhelling alle oeren)
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele