Resinsje Burgumer iepenloftspul Schindlers List: Frijheid is alles!

It earste 'echte' iepenloftspul fan dit seizoen Schindlers List is daliks in boppeslach. Iepenloftspul Burgum docht je de ferneamde film fan Steven Spielberg ferjitten. En dat is in komplimint.
Henk te Biesebeek © Omrop Fryslân
Stel je foar. Je gean optein nei in iepenloftspul. It kin wer. Mar by oankomst wurdt it publyk troch Dútske soldaten op 'e rigel set. By de entree folget in strange registraasje. De taskôger kriget in persoansbewiis kompleet mei stimpel en wurdt in bân mei de joadestjer ombûn. De besikers krije wat te drinken út in emalje mok. It is dúdlik: it publyk moat him finzene fiele. Joad mei de Joaden yn it getto. De frijheid ûntnommen. Dan moat de foarstelling noch begjinne...

Dekôr

It toanielbyld docht treflik mei oan de totale sfearbelibbing. It âlde molkfabryk is mei in pear simpele, mar doeltreffende, yngrepen sa kreëarre dat it de taskôger midden yn it getto fan Krakau delset. Sa nedich yn it konsintraasjekamp sels.
Jitze Grijpstra as Oskar Schindler © Barbara van Rijn
Regisseur Theo Smedes wit wat er wol. Nettsjinsteande alle coronatsjinslach hat er folholden. Schindlers List moast op de planken komme. Hielendal no, yn dizze tiid mei Oekraïne sa tichteby. Lokkich wiene de measte frijwilligers noch beskikber. Dochs moat it net maklik west ha om nei twa jier útstel alles wer op it spoar te krijen. Bygelyks om de beëage haadrolspiler yn te wikseljen foar in oar. Yn goed oerlis, sa hjit dat dan, mar mei fansels ek frustraasje.
No is Jitze Grijpstra, dy't de rol fan Oskar Schindler tawiisd krige, fansels net de earste de bêste. Hy fertsjinne ûnder oaren in Gouden Gurbe foar syn haadrol yn it iepenloftspul Turks Fruit. De sûplesse dêr't er de haadpersoan mei op de planken set, fertsjinnet wurdearring.

Klappen

It ferhaal fan Oskar Schindler is benammen bekend wurden troch de film fan Steven Spielberg. Schindler liet Joaden út it konsintraasjekamp as goedkeape arbeidskrêften yn syn fabryk wurkje. Yn earsten like hy dêrmei in gewoane oarlochsprofiteur, mar úteinlik wist hy mear as tûzen Joaden fan de dea te rêden.
Dêrfoar slút Schindler in diskutabele oerienkomst mei de SS-Hauptsturmführer fan it konsintraasjekamp Amon Göth. Herman Tichelaar set dy 'barbaar' wol hiel realistysk op de planken. Foar Omrop Fryslân fertelde Tichelaar in soad stúdzje nei it karakter fan dizze man makke te hawwen. In hurde man dy't der wille oan hie om finzenen te mishanneljen. Tichelaar docht dat ek yn it stik. Sûnder moederaasje mei syn meispilers. De klappen en skoppen lykje by tiden echt sear te dwaan...
Schindlers List © Barbara van Rijn
De twa haadpersoanen binne oan inoar weage. Sa as dat ek yn werklikheid west hawwe moat. De ferskillen, mar ek de oerienkomsten. Moai is it momint dat op de linker helte fan it spylfjild Oskar Schindler troch syn Joadske arbeiders tasongen wurdt omdat hy syn jierdei hat, wylst tagelyk op de oare helte fan it poadium Amon Göth besiket syn tsjinstfaam te ferkrêftsjen.

Klasse

It publyk wurdt stil as Schindler nei alle wreedheid en ellinde dochs opkomt foar de persoan fan Göth. Dat is ommers ek in minsk. En dat in minske ûnder druk ta hiel ferkearde besluten en dieden komme kin. Hoe ynholden moai Jitze Grijpstra dy emoasje oerbringe kin. Klasse. Grijpstra hat earder witte litten dat hy graach fan toaniel syn berop meitsje wol. Hy set mei dizze rol de doar dêrta wiid iepen.
Schindlers List © Barbara van Rijn
Yn it radioprogramma Op & Ut besprekt ferslachjouwer Henk te Biesebeek alles wat him yn Fryslân ôfspilet op kultureel mêd. Syn resinsjes ferskine ek op de webside fan Omrop Fryslân.
Oan de foarstelling dogge hast sechstich spilers mei. Smedes hat fan harren in hecht ensemble makke, dat yndruk makket. Dochs is der ek in neidiel oan safolle minsken. It nimt by tiden aardich wat tiid foardat it poadium folle is en fierder spile wurde kin.
Fierders rint de foarstelling as it spoar. Boppe-al omdat it ferhaal kloppet. Fansels wurdt in soad fan it oarspronklike filmsenario fuort litten. Mar de sprongen yn de tiid wurde ek dit kear prachtich ferbûn troch in alwittende ferteller: Hilly Harms, 83 jier âld alwer en noch hieltyd de grande dame fan it Fryske toaniel.
As famke hat se de oarloch bewust meimakke. De huver dy't de oantinkens by har noch alle dagen oproppe, wit se mei in treflike diksje oer te bringen op it publyk. Hjir wurdt gjin stikje spile, mar de wierheid brocht.

Frijheid

En dan de ein fan de foarstelling. Sa oandwaanlik as it fabrykspersoniel nei de ein fan de oarloch tusken it publyk sitten gien is, is it liet Jurusalaim oanheft. En as frije minsken it fabryk wer yngiet. Hoe't Hilly Harms dan nei foaren komt en it publyk foarhâldt dat se dizze jûn mar tydlike finzenen wiene. "Want frijheid is gjin plak. Frijheid is alles. En jimme binne frij!" Mei in útropteken.
Schindlers List © Barbara van Rijn
Yn de try-out dy't ik bywenne ferlit Hilly dan it poadium. En lit it publyk efter. Mei al har gedachten. In prachtich slot soe dat wêze. Mar nee. In fioel spilet dan it tema fan de film Schindlers List. Foar in leech poadium, ferljochte troch in inkele spot. Eins duorret dat best lang. En it publyk wachtet. Wêrop. Wêrfoar? Om it publyk noch mear it boadskip fan de sinleasheid fan oarloch trochkringe te litten? Om alles nei noch heger artistyk nivo te tillen? De foarstelling hat dat nei myn betinken net nedich.

Premjêre

Mar in try-out bliuwt in try-out. Theo Smedes lit witte dat hy foar de premjêre de ein oanpast hat: "As Hilly ôfrint is it stik dien, giet it 'sealljocht' oan en kin it publyk de tribune ferlitte. De fioelist spilet op it plein efter de tribune it tema."
Moai dus. De spilers komme net wer werom op it poadium. Dat bliuwt sa. En dochs hie ik alle meiwurkers graach in tankber slotapplaus jaan wollen. Se ha it fertsjinne!