Publyk rekke troch iepenloftspul Schindlers List yn Burgum

It iepenloftstik Schindlers List is tongersdeitejûn op de binnenpleats fan it âld suvelfabryk fan Burgum yn premjêre gongen. Dat makke yndruk op publyk, spilers en regisseur. It moast wat 'skure', seit regisseur Theo Smedes nei de tiid.
Publyk rekke troch Schindlers list yn Burgum:
En dat barde troch dat publyk ek echt ûnderdiel te meitsjen fan it stik, noch foardat it echt úteinset, mei in foarm fan strjitteäter wêrby't de Dútske soldaten oer de dyk rinne.

Tolvehûndert Joaden rêden

It is oan de iene kant in hoopfol ferhaal fan de Dútske Oskar Schindler dy't mei syn fabryk yn Poalen it libben rêdt fan tolvehûndert Joadske minsken, mar wol tsjin de eftergrûn fan de wreedheden fan de Joadeferfolging. En dat giet it stik ek net út de wei.
It rekke de taskôgers, de spilers en de regisseur. Ien fan de taskôgers wie Haije de Boer. Hy brûkt de film in soad yn it ûnderwiis en wie benijd hoe't dy oerenlange film ta dit stik ferwurke wie: "It hat my absolút rekke en ik fyn ek dat sy in hiel moai stikje wurk ôflevere hawwe."
"It is fansels altiten sykjen as je sa'n film foar eagen hawwe, dan wolle je krekt sa sjen as yn de film, mar dat is ûnmooglik yn in iepenloftspul", seit De Boer. "En wat sy der fan makke hawwe; hiele, hiele grutte kompliminten."

Oarloch

Wietse de Vries spilet ien fan de Dútsers, en net de noflikste. Hy koe fernimme dat it publyk by tiden ûnder de yndruk wie: "Sa no en dan wol ja. Ast op de flier stiest, krigest wol mei wat it publyk meimakket."
It stik soe eins al twa jier lyn opfierd wurde en no't it wol trochgiet, is it tichtby oarloch. Dêrtroch hat it wol in sterkere lading krigen, sjocht ek regisseur Theo Smedes: "Dat hiene wy ús yn 't foar net betinke kinnen."