Hearrenfeanfan Durk-Sjoerd rekket ferwûne by derby: "Ha elke dei pine"
It hie in moaie wedstriid wurde moatten: de derby Hearrenfean-Cambuur ferline wike snein. Mar foar Durk-Sjoerd Legendal út Damwâld waard it dat absolút net. De Feanfan rekket op de tribune ferwûne nei't fjoerwurk syn foet rekket.
Hearrenfeanfan Durk-Sjoerd rekket ferwûne by de Fryske derby:
"Immen sei noch: "Tink derom, dat spandoek moat net yn de brân." Op dat momint barde it", fertelt Durk-Sjoerd.
Hy stiet op de tribune fan Nieuw Noord as der fjoerwurk ôfstutsen wurdt. Syn broek en skoech fljocht yn de brân. Hy hat direkt troch dat it net goed is. "It is hiel hurd gien, mar ik fernaam direkt in enoarme pine yn 'e foet."
Soad pine
Fan in oantal omstanners krijt Durk-Sjoerd help, mar hy moat sels op syk nei in steward en de EHBU-post. Dy ferwize him troch nei sikehûs Tjongerschans op It Hearrenfean. Dat hy in dei letter yn it Martinisikehûs yn Grins sitte soe, hie er net tocht. "It plak sjocht der wol hiel earnstich út. Dokters yn Grins seine dat ik rekken hâlde moast mei it slimste."
De kâns is grut dat Durk-Sjoerd in hûdtransplantaasje krijt. Hy sit no yn in rolstoel. "It giet net goed mei my. Ik wit net hoe't ik sitte moat mei dy foet, sa sear docht it my."

Heit Roelof is bot skrokken. "Ik fyn it ferskriklik wat der bard is en ik fyn dat soks yn it stadion net kin. Der moat folle stranger kontrolearre wurde sadat it spul der net yn komt", seit Roelof.
Dêr is Durk-Sjoerd it folslein mei iens. "Dêrom doch ik ek in oprop: ferbied dy fakkels, dat kin echt net mear. Doch fan dy fjoerwurkshows, mar net op de tribune." Sc Hearrenfean is ek fûl tsjin it ôfstekken fan fakkels yn it stadion. It is ek al ferbean, mar dochs wurdt it noch wol in soad dien.
Berjocht fan de klup
De klup hat Durk-Sjoerd in pakketsje stjoerd en in kaartsje om him betterskip te winskjen. "Tsiis, woarst, bier en nútsjes sieten deryn. Dêr bin ik se hiel tankber foar. Dat se oan my tinke", seit hy.

Heit Roelof hopet dat dejinge dy't de fakkel oanstutsen hat him meldt. "Dyjinge dy't it dien hat, wit it miskien net. As immen dit sjocht en tinkt dat hy it miskien wol dien hat, soe ik it ek moai fine as dy kontakt mei ús opnimt." Durk Sjoerd: "Dan wit dyjinge ek wat my oerkaam is en snappe sy miskien better hoe gefaarlik it is."
It sil noch wol in skoftsje duorje foardat Durk-Sjoerd wer nei it stadion giet. "Ik ha de seizoenskaart al ferpleatst út it steanfak wei. Ik sit no wer yn fak 27. It like my hiel aardich om de sfear yn it steanfak mei te meitsjen, mar ik wol der no net mear nei ta."
Durk-Sjoerd docht syn ferhaal