Sponsoraksje smyt tonnen op foar ferieningen yn Noard-Nederlân

De jierlikse Jeugd Sponsor Actie fan Poiesz Supermarkten hat dit jier 547.000 euro opsmiten. It jild wurdt ferdield ûnder 547 ferieningen yn Noard-Nederlân.
Utrikking fan de sjek oan VV Sneek Wit Zwart © Poiesz
By de aksje besykje klups en ferienings safolle mooglik sponsormunten te garjen. Minsken krije sokke munten as se boadskippen dogge by de Poiesz.

Sneek Wit-Zwart krijt it measte jild

It wie de santjinde kear dat de supermerk dizze aksje organisearre. Alle ferieningen krigen in bedrach tusken de 557 en 1710 euro útkeard. Fuotbalklup Sneek Wit-Zwart sammele it grutste bedrach.
Op it KNVB Oranjefestival, in dei wêrby't bern yn de kunde komme kinne mei de fuotbalsport, waard de sjek oan Sneek Wit-Zwart oerlange.