Wachtlisten by it Antonius Sikehûs bliuwe lang troch personielstekoart

By it Antonius Sikehûs yn Snits binne de wachtlisten noch hieltyd lang troch in soad syktefersom en in algemien personielstekoart. In oplossing is net samar fûn.
It Antonius Sikehûs yn Snits © Omrop Fryslân, Joris Kalma
It Antonius Sikehûs hat ek in fêstiging yn Emmeloord, mar de operaasjes fine allinnich plak yn Snits. It ynheljen fan útstelde soarch giet dreger as hope. De wachtlisten by it sikehûs ûntstiene doe't de reguliere soarch yn de coronatiid ôfskaald waard.
"We hebben genoeg bedden en operatiekamers", seit Wybren de Graaf, it haad fan de ôfdieling soarchlogistyk. "Maar als je geen assistenten en verpleegkundigen hebt, dan wordt het lastig. En iemand opleiden is ook niet zomaar klaar."

Soad ekstra wachtsjenden

Ut in lêste skatting fan de Nederlânske Soarchautoriteit (NZa) docht bliken dat tusken de 100.000 en 120.000 pasjinten mear op de wachtlisten steane as oars. "Dit is zorgelijk, omdat mensen hierdoor langer moeten wachten op zorg", skriuwt de NZa.
De soarchautoriteit stelt ek fêst dat it sikehûzen yn it hiele lân net slagget om te wachtlisten koarter te krijen.
Wybren de Graaf fan it Antonius sikehûs