Fryske studint Arjen útkeazen foar Noardpoalkongres yn Noarwegen

De Fryske studint Arjen Bloem set dit wykein ôf nei Tromsø yn Noarwegen. Dêr is er ien fan de jongeren dy't útnûge binne om mei te dwaan oan in kongres oer de gefolgen fan de klimaatkrisis foar it Noardpoalgebiet.
Arjen Bloem giet nei it Noardpoalkongres yn Tromsø © Vincent Corjanus
It kongres hjit Arctic Frontiers en wurdt foar de sechstjinde kear hâlden. Alle steaten yn it NoardpoaIgebiet, útsein Ruslân, dogge mei. It is foar it earst dat jongeren dêr ek echt meiprate meie.
Bloem seach in oprop fan de Noarske ambassade om mei te dwaan oan it kongres. Hy hat in sollisitaasjebrief skreaun en is úteinlik útkeazen. De konkurrinsje wie grut, seit er. "Er waren best wel veel brieven. Er zijn er drie gekozen, waarvan ik dan één ben."

Mytysk

De 25-jierrige skiednisstudint komt fan Skylge. Foar him hat de Noardpoal wat mytysk. "Heel veel verhalen zijn daar. Denk alleen al aan de walvisvaart, waarbij ook Fryslân heel lang betrokken is geweest."
De takomst fan it Noardpoalgebiet sjocht er net hoopfol yn. "We weten allemaal het verhaal over klimaatverandering. Dat gaat in het Noordpoolgebied nog een stukje sneller dan bij ons. Ik probeer altijd optimistisch te blijven, ook al ziet de situatie er niet al te best uit, maar daar is dit congres ook voor."

Nije ynsichten

Hy hopet in soad nije ynsichten te krijen, om der positiver yn stean te kinnen. "Er zijn wel mogelijkheden, maar dan moeten we wel nu actie ondernemen."
Arjen Bloem