Jan Jorrit van der Mei is dosint Ingelsk yn Fjetnam: "It libben is hjir maklik"

Hy ferruile Harns foar Ho Chi Minh-stêd: Jan Jorrit van der Mei is dosint Ingelsk yn Fjetnam. Dêr sjocht er bygelyks dat noard en súd bot fan inoar ferskille: yn it suden giet it allegearre krekt wat relaxter.
© Omrop Fryslân
"Ik woe altyd al graach nei it bûtenlân, ik gie al in soad op reis. Mar ik tocht: witst wat? Ik wol wolris sjen hoe't it is om yn it bûtenlân te wenjen", seit Jan Jorrit van der Mei. Hy is berne yn Harns, mar ferhuze 2,5 jier ferlyn nei it Aziatyske lân. "Ik woe echt opgean yn de kultuer, dat je je wei efkes opnij útfine moatte."

Alle dagen sinne

Fjetnam wie net drekst de nûmer 1 op syn bucketlist, mar hy hie al in maat dy't al yn it lân wenne. Doe't er by him op besite kaam, wie er om.
"Eins wie Fjetnam folle moaier as ik tocht", seit Van der Mei, dy't der no alle dagen genietet fan de sinneskyn. "It is maklik: ik stean op en doch in T-shirt en koarte broek oan. It iten is hiel goedkeap, it libben is hjir maklik."
Yn de rubryk Operaasje Fryske Flagge ha we kontakt mei Friezen oer de hiele wrâld. Twa jier lyn begûn Omrop Fryslân mei dizze kampanje, om in emoticon fan in Fryske flagge op de telefoan te krijen. Dy liket der foarearst net te kommen, om't it nije bedriuw dat Whatsapp oernimt, pas in flagge makket as in lân ûnôfhinklik wurdt en erkend wurdt troch de ISO.
Dochs binne der noch genôch ferhalen te fertellen: Friezen sitte oeral op de wrâld. Wat driuwt se en hokker avontoeren meitsje se mei?
Syn brea fertsjinnet Van der Mei as dosint Ingelsk. "Dat doch ik foar in language center. Nei harren gewoane skoalle kinne se by my delkomme, dan krije se ekstra Ingelske les", seit Van der Mei. "It binne Fjetnameeske bern, mar wol fan âlders dy't krekt wat mear sinten yn de bûse ha."
Van der Mei sjocht sowieso dat der in grut ferskil sit tusken de middenklasse en de alderryksten. "As westerling fertsjinje ik hjir behoarlik yn ferliking mei wat in Fjetnamees fertsjinnet", seit er. Syn lângenoaten fertsjinje faak mar sa'n 400 euro yn de moanne. "Op it plattelân kinne je ek mei wat minder rûnkomme."
Oer 2 wiken kom ik werom nei Harns, dan kin ik de frisse seelucht wer ta my nimme.
Jan Jorrit van der Mei yn Fjetnam
Net allinne tusken de stêd en it plattelân, mar ek tusken noard en súd sit in ferskil wat de mentaliteit oanbelanget.
"We ha dy oarloch hjir hân fansels", seit Van der Mei. "Se sizze dat se yn it noarden wat 'killer' binne." Dat hat ek mei it klimaat te meitsjen, tinkt Van der Mei.
"Yn it noarden ha je ek mear in fjouwer seizoenenklimaat. Hjir ha je der mar twa: je ha sinne en rein. Dat spilet ek mei yn hoe't minsken hjir libje." Yn it suden binne de minsken mear ûntspannen. "Se ha hjir bygelyks in 'siësta'."

Werom nei it heitelân

Nei 2,5 jier sil Van der Mei aansten ek wer ris werom nei Fryslân. "Oer twa wiken kom ik wer werom, dan kin ik de frisse seelucht wer ta my nimme."
Jan Jorrit van der Mei út Fjetnam wei