Nei 103 jier komt in ein oan de Vereniging van Kaatsers

De Vereniging van Kaatsers (VVK) hâldt op te bestean, nei 103 jier. De VVK kaam altyd op foar de belangen fan keatsers en ferdielde sponsorjild, mar de lêste 15 jier siet it measte wurk yn in toernoai yn Menaam.
In keatsmof © ANP
De VVK waard op 19 april 1919 oprjochte as in soarte fakbûn yn de keatssport, njonken it âldere keatsbûn KNKB. It hie in bemiddeljende en advisearjende rol en it koe tsjin de sintralisaasje fan it keatsbûn yngean.

70 leden oer

Yn de rin fan de jierren waard de needsaak foar de VVK lykwols minder. Eartiids hie it goed 450 leden. Dêr binne op dit stuit noch mar sa'n 70 fan oer.
"It wie eins de bedoeling om konflikten op te lossen. As der problemen wiene mei keatsmoffen koe de VVK dêr yn bemiddelje, bygelyks", leit Jan Volbeda fan Seisbierrum út. Hy is ien fan de twa oerbleaune bestjoersleden.
Ut de Franeker Courant fan 27 febrewaris 1919 © Delpher
Yn de lêste jierren wie Pier Piersma de wichtichste man foar de VVK, seit Volbeda. "Hy krige in sponsorbedrach fan it bûn. Hy hold it hiele seizoen alle nammen by dy't prizen wûn hiene by de froulju of manlju. Dy krigen dan in bedrach de punt. Hy hat it jierren dien en naam it bûn in soad wurk út hannen."

Oerstallich wurden

Mar yn de rin fan de tiid feroare der in soad. "It is fersobere en it bûn naam it stadichoan oer. Minsken krigen oare sponsoaren. Dus eins binne wy in bytsje oerstallich wurden."
Der is in brief opsteld, dy't by alle leden brocht is. Volbeda: "Wy binne nei alle leden gien om út te lizzen dat wy eins net mear nedich binne. De measte leden seine dermei akkoart te gean. It is de bedoeling dat wy op 1 jannewaris 2023 ophâlde."
Jan Volbeda fertelt wat de feriening krekt die
Foar Volbeda fielt it nettsjinsteande as in teloarstelling. "Dat kin ik dy wol fertelle. As je 100 jier bestien hawwe. Miskien seit it bûn wol: wy wolle in westriid ynstelle foar elkenien dy't dêr dan oan meidwaan kin, dan soe dat yn myn eagen ek leuk wêze. Mar dêr bin ik net de baas oer, dat moat fan it bûnsburo komme dan."

Jild nei ferskate inisjativen

It jild dat de VVK noch hat, sil ferparte wurde. In diel giet nei it Keatsmuseum, mar Volbeda hopet dat der ek wat nei lytse inisjativen giet.
"VVV Menaam hat 15 jier lang alles dien om it goed te organisearjen, dus ik fyn dat dêr ek in bedrach hinne moat. En oer twa jier bestiet it Leanekeatsen 75 jier en dan wurdt der in boek útbrocht. Sokke lytse dingen kinne ek wol wat sinten brûke."