Undersikers Rottumerplaat: lit deade walfisken faker lizze

By it walfiskkadaver op Rottumerplaat, dat ein 2020 oanspield is, binne 21 nije keversoarten fûn. De bistjes ite hûd en bonken.
Lit in walfiskkadaver faker lizze, fine de ûndersikers:
De deade dwerchfinfisk spielde yn novimber 2020 oan op Rottumerplaat. Musea of ûndersyksynstellingen hienen gjin belangstelling foar it deade bist en foar ûndersyk is it doe lizze litten.
Rykswettersteat wie benijd wat der gebeure soe as sa'n fisk lizzen bliuwt. Hoe ûntbynt it kadaver? Wat gebeurt der mei de natuer?
Ien fan de doelen fan Rykswettersteat en oare natuerbehearders yn it Waadgebiet is om natuerlike prosessen te fersterkjen. De oanspielde finfisk joech dy mooglikheid.
In ûndersiker by de walfisk © Wageningen Marine Research
Rykswettersteat hat de plicht om grutte kadavers - fan fiif meter en langer - te bergjen en te ferneatigjen. "Maar als we streven naar natuurherstel is het beter de kadavers te laten liggen", sei projektlieder Rick Hoeksema fan Rykswettersteat earder. "Eigenlijk is het een soort omdenken. Vergelijk het met dood hout dat je in het bos laat liggen."

Gjin lekker iten foar fûgels

Seis moannen lang ha ûndersikers meunsters naam, waarden fallen set foar krobben en holden fjildkamera's yn de gaten wat der allegear gebeurde by it kadaver. Dêrop wie te sjen dat der ferskate fûgels op ôf kamen: swarte kraaien, eksters, grutte sjouwermannen.
Mar safolle koenen de fûgels net mei de deade fisk: de hûd wie te dik om iepenpikt te wurden.
Finfisk op Rottumerplaat © The Fieldwork Company
Nei in healjier kamen de krobben yn byld. It kadaver luts yn totaal 57 soarten oan, wêrfan 21 noch net earder fûn wienen op Rottumerplaat. Guon fan de soarten fleagen fan it fêstelân nei Rottumerplaat, se kamen op de lucht ôf.

Eyeopener

Hoeksema neamt de útkomsten in 'eyeopener'. "Zo'n groot kadaver wordt gewoonlijk opgeruimd. Nu blijkt dat het een functie vervult in het ecosysteem. Dat kun je van tevoren bedenken, maar het is bijzonder om te zien dat het in de praktijk ook echt zo werkt."
In oar resultaat is dat der in soad itensstoffen yn de boaiem terjochte kamen. "Het leverde zelfs verschroeide vegetatie op, zo groot was de overdosis."
Hoeksema is benijd nei hoe't it effekt oer in pear jier is. Dêrfoar is nij ûndersyk nedich.

'Gjin oerlêst'

Sa'n kadaver kin stjonke, mar neffens Rykswettersteat hat dat net foar oerlêst soarge. Wol bleau op guon dagen de lucht hingjen.
Gewoanwei wurde walfisken gau ôffierd, ûnder oare om de fersmoarging mei kadmium. Dat foel no ta, neffens Rykswettersteat. Der is net mear kadmium fûn as oars. Dat soe komme kinne trochdat it in jonge walfisk wie, dy't hast gjin kadmium yn it lichem hie.

Faker lizze litte

De ûndersikers advisearje om oanspielde walfisken faker lizze te litten yn it Waadseegebiet. Dêrby moat wol goed nei de lokaasjes sjoen wurde, want it moat feilich wêze foar skipfeart en minsken moatte gjin stankoerlêst ûnderfine.
Rykswettersteat en oare behearders fan it natuergebiet moatte noch in beslút nimme oer it advys.